Italjaansk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 22:
 
== Skiednis ==
It Italjaansk stamt ôf fan it fulgêr [[Latyn]], de sprutsen ferzje fan de [[Romeinen|Romeinske]] taal, dy't lange tiid neist de offisjele skreaune ferzje bestie en dêr't ek alle oare Romaanske talen út foartkomme. De âldste teksten yn de taal komme út de [[10e ieuiuw]]. Fierders is der protte út de [[14e ieuiuw]], bygelyks de wurken fan de ferneamde Florentyske [[Dante Aligiery]], mar ek dat fan [[Fransesko Petrarsa|Petrarsa]] en [[Giovanny Bokkakkio|Bokkakkio]]. Dizze trije wurde beskôge as de grûnlizzers fan de Italjaanske literatuer.
 
=== Taal en dialekten ===
It standert-Italjaansk hat him ûntwikkele út it dialekt dat yn de [[14e ieuiuw]] sprutsen waard yn [[Toskane]] (de omkriten fan [[Florense (stêd)|Florense]]). Yn dat dialekt skreau [[Dante Aligiery]] syn [[Divina Commedia]]. Oars as faaks tocht wurdt, binne de dialekten yn Itaalje net ôflaat fan it standert-Italjaansk, mar komme se allegearre fuort út it fulgêr Latynsk.
 
De ferskate dialekten ferskile nochal fan it standerd-Italjaansk. Foar de komst fan de telefyzje koenen de measte Italjanen allinnich har eigen pleatslik dialekt sprekke en koenen sy har ûnderling amperoan ferstean en begripe.