Yukon: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 30:
Lang foar't de earste [[Jeropa|Jeropeänen]] de Yukon oandiene, waard de midden en it noarden fan it gebiet, dat yn 'e lêste [[iistiid]] net troch [[lâniis]] oerdutsen wie, al bewenne troch [[Yndianen|Yndiaanske]] folken. De útbarsting fan 'e [[Mount Churchill]], yn it oanbuorjende [[Alaska]], om it jier [[800]] hinne, oerdiek it suden fan 'e Yukon mei in laach jiske dy't noch altyd dúdlik werom te kennen is. Dat barren is ek ferivige wurden yn 'e [[oerlevering|mûnlinge tradysjes]] fan 'e stammen dy't doe al yn it territoarium taholden.
 
Pas yn 'e iere [[njoggentjinde ieuiuw]] krongen de earste [[jeropide ras|blanken]] yn it gebiet troch. Dat wiene alderearst keaplju, dy't de útwreiding fan 'e lukrative [[pelshannel]] foar eagen hiene. Dy waarden letter folge troch [[misjonaris]]sen, dy't de lânseigen befolking ta it [[kristendom]] bekeare woene, en noch wer letter troch in ekspedysje dy't in [[tillegraaf]]ferbining tusken [[Russysk Amearika|Russysk Alaska]] en de rest fan [[Noard-Amearika]] ta stân bringe woe. Tsjin 'e 1870-er en 1880-er jierren arrivearren de earste [[goud]]sikers yn 'e Yukon, dy't de befolking fan it gebiet sa úttynje lieten, dat it Kanadeeske regear besleat dat der in eigen plysjetsjinst komme moast. Dy waard krekt op 'e tiid oprjochte foar't yn [[1897]] de ferneamde [[Goudkoarts fan Klondike]] begûn. Tsientûzenen lju út hiel Noard-Amearika en út 'e rest fan 'e wrâld kloften doe gear yn 'e Yukon en Alaska, yn 'e hope om dêr harren fortún te meitsjen.
[[File:Mount Logan.jpg|right|thumb|250px|De [[Mount Logan]], yn 'e súdwestlik Yukon, de heechst berch fan [[Kanada]].]]
 
Rigel 44:
 
==Ekonomy==
Fan âlds is yn 'e Yukon de [[mynbou]] de wichtichste sektor fan 'e [[ekonomy]], mei't der nei [[lead (metaal)|lead]], [[sink]], [[sulver]], [[goud]], [[asbest]] en [[koper]] dold wurdt. De ridlik grutte hoemannichten goud dy't der fûn wurde, laten oan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] ta de [[Goudkoarts fan Klondike]].
[[File:Yukon border sign.jpg|right|thumb|250px|In twatalich wolkomsboerd oan 'e grins fan 'e Yukon.]]
 
Rigel 52:
 
==Demografy==
Neffens de Kanadeeske folkstelling fan [[2011]] hie de Yukon doe 33.897 ynwenners, wat 11,6% mear is as yn [[2006]]. De [[befolkingstichtens]] wie yn 0,07 minsken de km². Fan alle ynwenners fan it territoarium wennen yn 2011 23.276 of 68,7% yn 'e haadstêd [[Whitehorse (Yukon)|Whitehorse]]. It twadde plak neffens ynwennertal, mei 1.319 minsken, wie [[Dawson City (Yukon)|Dawson City]], dat oant [[1952]] de haadstêd fan 'e Yukon wie. Oan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw]], op it hichtepunt fan 'e [[Goudkoarts fan Klondike]], wennen dêr sa'n 40.000 minsken, mar doe't it goud oprekke, teagen de measte lju wer nei oare oarden.
 
===Etnyske groepen===