Jislum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
No edit summary
Rigel 9:
[[Ofbyld:Jislum Catherinatsjerke.JPG|right|thumb|''hjoeddeisk'']]
[[Ofbyld:Volhardingjislum.jpg|right|thumb|''Volharding'']]
Op de terp stie oant yn de [[19e iuw]] in fan oarsprong [[Romaanske tsjerke]]. Dizze tsjerke waard betsjinne troch it kleaster [[Mariëngaarde]] by [[Hallum]]. Nei de [[Reformaasje]] waard Jislum mei [[Wânswert]] kombinearre. De tsjerke is yn [[1886]] ferfongen troch in nije tsjerke. Yn de toer hingje twa klokken, ien út 1445 fan [[1445Johannes fan Wou]] en ien út 1637 fan klokkejitter [[1636Jacob Noteman]]. It oerwurk is út [[1609]].
 
De tsjerke is letter eigendom wurden fan de [[Stifting Harstastate]], en wurdt hjoed de dei net mear brûkt as godshûs. De Stifting Harstrastate wist eins net in goede bestimming foar de tsjerke te finen, wat it doarp min nei de kop wie. De tsjerke jildt as [[monumint]], mar allinnich fanwege de parten dy't út de âlde tsjerke oernaam binne: de preekstoel, de klokken en it oerwurk. Dat binne dan ek de ienige parten dêr't subsydzje foar beskiber is foar it behâld. Yn [[2000]] gienen der geroften dat de tsjerke sloopt wurde soe. Doe hawwe de Jislumers de ''Stifting Behâld Jislumer Tsjerke'' oprjochte. Dizze nije stichting hat kâns sjoen om yn [[2004]] foar in part it jild foar de restauraasje byinoar te swyljen. Om de Krystdagen fan 2004 hinne is de tsjerke wer iepensteld.