De Boarn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 5:
Fan dêr rint de rivier as "de Boarne" fierder nei it westen, troch [[Aldeboarn]], nei [[Nes (Boarnsterhim|Nes]] en [[Akkrum]]. Tusken dizze twa doarpen is de Boarn yn [[1993]] yn in nij bêd lein, dat fia it [[Leppe-akwadukt]] oer de [[A32]] giet.
 
Foarby Akkrum giet de rivier as de [[Krûme Knilles]] nei [[Aldskou]], krúst it [[Prinsesse Margietkanaal]] en giet as it [[Rak fan Ungemak (Boarn)|Rak fan Ungemak]] by [[Jirnsum]] lâns, neit it [[Jirnsummersyl]]. Foarby it syl hjit de âlde rin fan de Boarn de [[Mûzel (Boarn)|Mûzel]], en giet sa fierder nei [[Raerd]].
 
Foarby Raerd kaam de Boarn út yn de [[Middelsee]]. Faak wurd oannaam dat de Boarne hjir oarspronklik nei it noarden draaide, en dat de Middelsee fan oarsprong de slenk wie dêr't de Boarn troch nei it noarden rûn, nei de [[Waadsee]]. Mar it soe ek kinne dat doe't de Middelsee noch net sa grut wie, de Boarne fierder gong nei it westen, en fia de [[Marne]]slenk yn de Waadsee út kaam. Yn dat gefal is de de Middelsee earst de ûnderrin fan de Boarn wurden doe't de ferbining dêrmei ta stân kaam.