Alice yn Wûnderlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 47:
 
[[Ofbyld:Alice par John Tenniel 30.png|thumb|upright|In yllústraasje fan [[John Tenniel|sir John Tenniel]], út [[1865]]: Alice hat earst frijwat muoite om [[kroket (spul)|kroket]] te spylen mei in libbene [[flamingo]] ynstee fan mei in houtene hammer.]]
Yn 'e tún sjocht Alice trije libbene kaartspulkaarten dy't wite roazen read oan it fervjen binne om't de Hertenkeninginne it grou hat op wite roazen. Koarte tiid letter komme der mear kaarten de tún yn, mei dêrûnder ek keningen en keninginnen. Alice wurdt yn 'e kunde brocht mei û.o. de Hertenkeninginne, dat in sinnich en ritich persoan is, dy't by it minste of geringste dat har net noasket, daliks ropt fan "Derôf mei syn kop!" Alice wurdt mear twongen as útnoegeútnûge om mei te dwaan oan in spultsje [[kroket (spul)|kroket]], wêrby't lykwols gjin bal brûkt wurdt, mar in oprôle [[stikelbaarch]], dy't net mei in houtene hammer, mar mei in libbene [[flamingo]] fuortslein wurde moat. Alice hat der earst frijwat muoite mei om dizze ferzje fan it spul ûnder de knibbel te krijen.
 
Nei ôfrin fan it spul stelt de keninginne Alice foar oan 'e [[griffioen]], dy't har meinimt nei de Sabeare Skylpodde. Dy is tige drôf om't er foarhinne in echte [[skylpodde]] wie. Hy wol Alice dêroer fertelle, mar de griffioen falt him yn 't wurd om't er ynstee in spultsje spylje wol. De griffioen en de Sabeare Skylpodde dûnsje dan de kreeftedûns foar Alice, en sysels hâldt wilens in foardracht. Wylst de Sabeare Skylpodde dêrnei it ferske "Tsjeppe Sop" foar har sjongt, sleept de griffioen har mei om in proses by te wenjen.