Casting: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 4:
Sa'n tuskenpersoan fertsjintwurdiget in [[castingburo]], en wurdt in ''[[casting director]]'' (letterlik in "''casting''-regisseur") neamd. De rol fan 'e ''casting director'' is twafâldich: yn it foarste plak nimt hy of sy de opdrachtjouwer in protte wurk út 'e hannen, mar oan 'e oare kant wurket de oanwêzigens fan in ''casting director'' ek as in rem op mooglik misbrûk troch de opdrachtjouwer fan 'e kwetsbere posysje fan artysten dy't om wurk ferlegen sitte. It is nammentlik wol foarkommen dat opdrachtjouwers fan kreaze froulike artysten of modellen [[seksuële omgong|seksuële tsjinsten]] ferlangen yn ruil foar it takennen fan in rol of in modelleputsje (sok dwaan stiet bekend as de ''[[casting couch]]'').
 
Om yn oanmerking te kommen om cast te wurden, moatte artysten harren ynskriuwe by in castingburo of reägearje op in spesifike iepen castingoprop. Profesjonele castings binne altyd fergees, mar lang net eltsenien dy't him opjout of dy't ynskreaun stiet, sil ek wier-wier útnoegeútnûge wurde. En fan 'e lju dy't wol útnoegeútnûge wurdt, kin fansels mar in lyts persintaazje oannommen wurde.
 
By guon castingsesjes, benammen dy foar modellewurk of by rollen dêr't net by sprutsen hoecht te wurden, kin it dermei ta dat de opdrachtjouwer en de ''casting director'' in stikmannich foto's fan 'e artyst of it model besjogge. It komt lykwols faker foar dat gadingmakkers audysje dwaan moatte troch in lyts stikje út 'e film of de foarstelling op te fieren. Dêrby kinne se dan sjen litte wat harren talinten binne en hokker útstrieling oft se hawwe. Op grûn fan 'e resultaten fan sokke audysjes fynt de eigentlike casting dan plak. Dêrby hat de ''casting director'' in advisearjende rol en de opdrachtjouwer it lêste wurd.