De Hûn fan 'e Baskervilles: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 41:
Mei't Holmes noch besteld is mei de ôfhanneling fan guon oare saken, reizget Watson mei sir Henry en dokter Mortimer ôf nei ''Baskerville Hall''. Se prate ôf dat er Holmes troch it stjoeren fan tillegrammen op 'e hichte hâlde sil fan 'e stân fan saken. ''Baskerville Hall'' blykt in nearzich hûs te wêzen yn in somber lânskip dat troch soldaten útkjimd wurdt op 'e siik nei de ûntsnapte moardner Selden. De earste nachts dêre kin Watson mar dreech yn 'e sliep komme. Te neare nacht heart er in frou gûlen, en hoewol't de butler Barrymore it de oare deis ûntstriidt dat it syn frou wie, sjocht Watson oan 'e reade plakken op har gesicht dat sy wol deeglik skriemd hat. As Watson letter dy deis mei de postmaster yn it deunby leine doarp Coombe Tracey praat, docht bliken dat de oanwêzigens fan Barrymore yn ''Baskerville Hall'' net kontrolearre is, foar't men op Holmes syn neifraach in tillegram weromstjoerde wêryn't befêstige waard dat er dêr wie. De mooglikheid dat Barrymore de Londenske efterfolger fan sir Henry wie, is no dus wer iepen.
{{Plotbedjer}}
Watson moetet dy deis noch ferskate oare lju, mei dêrûnder de buorman fan 'e Baskervilles, de âldere [[abbekaat]] Frankland, en de [[biology|biolooch]] Jack Stapleton, dy't al in pear jier wittenskiplik ûndersyk docht op Dartmoor. Wylst Watson mei him stiet te praten, hearre se in kroanjend lûd, dat it folk yn dy krite taskriuwt oan 'e hellehûn, mar dat neffens Stapleton makke wurdt troch in [[reiddomp]], of mooglik troch it ynklinken fan 'e sompe. As Stapleton efter in [[flinter]] oan draafd is, en Watson fuort sil, wurdt er oansprutsen troch Stapleton syn suster Beryl, dy't him oansjocht foar sir Henry Baskerville, en him mei oandriuw warskôget om Devon te ferlitten. Al rillegau moetet Beryl Stapleton de wiere sir Henry, dy't daliks al in eachje op har hat, al liket har broer him net goed genôch foar har te finen. Uteinlik ferliest Stapleton alhielendal syn geduld en seit er sir Henry it mannewaar op. Letter ûntskuldiget er him dêrfoar, en noegetnûget sir Henry, om it goed te meitsjen, út om 'e oansteande freeds mei him en Beryl te dinearjen.
 
[[File:Botaurus stellaris (Marek Szczepanek).jpg|thumb|right|250px|In [[reiddomp]].]]