Ilias: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 33:
It is in wiid fersprate misfetting om te tinken dat de ''Ilias'' de hiele tsienjierrige Trojaanske Oarloch behannelet. Eins is it mar in frij koarte momintopname fan in pear wiken yn it tsiende jier fan 'e oarloch, wêrby't it ferhaal giet oer de wrok fan 'e held en [[healgod]] [[Achilles]] foar [[Agamemnon]] oer, de kening fan [[Mysene]] en de lieder fan 'e [[Griken]] . Noch de oanlieding foar of it begjin fan 'e oarloch, noch de mûklist mei it ferneamde [[Hynder fan Troaje]] of de oerwinning fan 'e Griken wurdt yn 'e ''Ilias'' beskreaun. Der wurdt yn it ferhaal en yn oare boarnen lykwols ferwiisd nei safolle leginden oer de Trojaanske Oarloch, dat it ferrin dêrfan bekend is (sa wurdt fan it Hynder fan Troaje ferteld yn 'e ''Odyssee'' en troch de [[Romeinske Ryk|Romeinske]] dichter [[Fergilius]]).
 
Om 'e foarskiednis hiel yn 't koart wer te jaan: der wie in brulloft dêr't alle [[godheid|goaden]] útnoegeútnûge wiene, te witten dy fan Achilles syn âldelju, want Achilles syn mem wie de seegoadinne [[Tetis]]. Doe't [[Earis]], de goadinne fan 'e twaspjalt, dêr net talitten waard, smiet se út it doarsgat in goudene apel nei binnen ta dêr't de tekst "oan de tsjepste" op gravearre stie. De goadinnen [[Heara]], [[Atene (goadinne)|Atene]] en [[Afrodite]] mienden alletrije dat it ding dúdlik foar harsels bestimd wie. Se makken der rûzje oer en úteinlik besleaten se om in ûnpartijige jongfeint beslisse te litten wa't fan harren trijen it tsjepst wie (en dus de apel takaam). Dy jongfeint wie de Trojaanske prins [[Paris]], dy't fier fan hûs grutbrocht waard as skiephoeder om't der in profesije útsprutsen wie dat hy Troaje yn it ferdjer stoarte soe. De trije goadinnen ferskynden neaken oan him, mar Paris kaam mar net út 'e rie wa't fan harren oft no it tsjepst wie. Dêrop besochten se him om te keapjen; Atene bea him wysheid en heldhaftigens yn 'e striid oan, Heara bea him politike macht en hearskippij oer hiele [[Aazje]] oan, en Afrodite bea him de leafde oan fan [[Helena fan Troaje|Helena]], de frou fan kening [[Menelaos|Menelaos fan Sparta]], de kreaste (stjerlike) frou op 'e wrâld. Paris besliste dêrop dat Afrodite de tsjepste fan 'e trije goadinnen wie. Neitiid kearde Paris werom nei Troaje, dêr't er wer opnommen waard yn 'e keninklike famylje. Doe bejoech er him nei [[Sparta]] ta, dêr't er Helena skaakte en mei weromnaam nei Troaje. As reäksje rôp Agamemnon, de kening fan it ynfloedrike Mysene, dy't in broer fan Menelaos wie, alle Grykske keningen byinoar, en mei syn allen sylden se nei Troaje ta, dat se tsien jier lang belegeren om't it har mar net slagge en nim it yn. Dêrby fochten guon fan 'e goaden oan 'e kant fan 'e Griken, wylst oaren de Trojanen stipen. Uteinlik waard de stêd troch in mûklist dochs ynnommen: de Griken diene krekt as joegen se it belis op en giene se nei hûs, mar lieten dêrby in grut houten hynder efter by wize fan offerjefte oan 'e goadinne Atene. De Trojanen, foar wa't hynders hillich wiene, hellen it ding yn triomf harren stêd yn, mar hja wisten net dat it hol wie en fol siet mei Grykske soldaten. Nachts kamen dy foar 't ljocht en iepenen ien fan 'e poarten fan 'e stêd foar harren weromkommen leger. Sa kaam Troaje dochs noch te fallen.
 
== Opbou ==