Jiskepûster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 31:
It mearke (yn 'e ferzje fan 'e bruorren Grimm) fertelt fan in famke wa har mem komt te ferstjerren. Har heit trout dan mei in widdo, dy't al twa dochters út har earder houlik hat. De styfmem en de beide styfsusters narje it famke allegeduerigen en litte har de swierste en smoarchste putsjes opknappe, sadat se altiten ûnder it stof en de jiske sit; dêrfandinne dat se har de namme Jiskepûster jouwe. As Jiskepûster har heit ris nei stêd giet, freget er syn dochter en styfdochters wat er foar harren meinimme moat. De beide styfsusters freegje om moaie klean en juwiellen, mar Jiskepûster freget inkeld om it earste twiichje dat him ûnderweis tsjin 'e hoed oan tikje sil. Dat twiichje plantet se op it grêf fan har mem en dêr groeit in beam út dêr't in fûgeltsje yn sitten giet dat alles nei ûnderen ta falle lit dêr't Jiskepûster om winsket.
 
Op in dei wurdt bekendmakke dat de kening in trije dagen duorjend feest hâlde sil, dêr't alle moaie jongfammen yn it lân foar útnoegeútnûge binne, sadat syn soan, de prins, ien fan harren útkieze kin om mei te trouwen. Sawol de styfsusters as Jiskepûster wolle graach nei it feest ta, mar hoewol't de styfmem fan doel is om mei de beide styfsusters derhinne, wol se Jiskepûster net mei hawwe, ek al besiket dy nòch sa om tastimming te krijen. Nei't har heit, styfmem en styfsusters ôfsetten binne, giet Jiskepûster nei har memme grêf en winsket dat se in skoandere baljûpe en bypassende skuontsjes hie. Daliks lit it fûgeltsje dat allegear út 'e beam falle. Jiskepûster giet dan temûk nei it feest ta en dûnset mei de prins, dy't alhiel besleifere fan har rekket. Om't se foar it earst yn tiden net ûnder it stof en de jiske sit, ken nimmen har wer. Mar as hja oan 'e ein fan 'e jûn wer nei hûs ta giet, folget de prins har. Fuort by hûs wit se oan him te ûntkommen. De oare jûns giet se yn in noch moaiere jûpe op 'e nij nei it feest ta en dûnset wer mei prins en wit him wer krekt op 'e tiid te ûntglûpen. De trêde jûns draacht se in jûpe dy't nòch moaier is en dûnset se wer mei de prins, mar diskear hat er wat snoads betocht: hy hat de treppen fan syn paleis mei pik ynsmarre litten, en as Jiskepûster oan 'e ein fan 'e jûn wer besiket fuort te glûpen, bliuwt ien fan har skuontsjes yn 'e pik klibjen.
[[Ofbyld:Cendrillon2.JPG|thumb|left|350px|In yllústraasje fan [[Gustave Doré]].]]