Lockheed F-104 Starfighter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 36:
"Kelly" Johnson, sjef-yngenieur by ''Lockheed's Skunk Works'', besocht Korea yn desimber [[1951]] en hie in petear mei fjochtfleanmasine-piloaten oer hokker masine hja nedich hienen. Doetiids hiene de Amerikaanske piloaten mei harren [[F-86 Sabre]]s in probleem mei de [[Sowjetuny|Sowjetfjochtfleanmasine]] [[MiG-15]]; in protte Amerikaanske piloaten hiene minne ûnderfinings mei de superieure MiG tsjinoer it gruttere en mear komplekse Amerikaanske ûntwerp. De Amerikaanske piloaten fregen om in lytser en ienfâldiger fleantúch, mei grutte prestaasjes.
 
Doe't Johnsen wer weromgong nei [[Feriene Steaten fan Amearika|Amearika]] sette hy útein mei it ûntwerp foar de nije fjochtfleanmasine. Yn [[1952]] waard it ûntwerp presintearre by de Amerikaanske loftmacht. Dy noegennûgen ferskate bedriuwen út om mei te dwaan. Trije addisjonele ûntwerpen binne ûntfongen, dy't alle trije nijsgjirrich genôch wiene. [[Lockheed Martin|Lockheed]] hie it bêste ûntwerp en hie it kontrakt mei it regear yn maart [[1953]] tekene.<br />
Ier [[1954]] wie it earste prototype klear en koe it ien jier nei it kontrakt fleane. Fan it útein setten oant de produksje duorre likernôch twa jier, in koarte tiid, bynammen om't in protte projekten hjoed de dei langer duorje.