Mariënburch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 2:
'''Mariënburch''' is in bûtenferbliuw fan [[Maria Louise fan Hessen-Kassel]] oan de súdeastkant fan [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. It waard tusken [[1721]] en [[1731]] hinne boud '' Achter de hovingen'' ( [[Achter de Hoven]] ) en besloech sa'n 5 hektare en neamde it nei harsels Mariënburch.
 
Foar it ûnderhâld fn dit grutte terrein noegenûge se [[Johann Hermann Knoop]] út, de soan fan de hovenier fan har heit yn Kassel. Foar it bûten lei in leane mei trije rigen beammen; efter it hûs lei in rûne fiver mei treppens oan fjouwer kanten. Fierderop lei in promenade dy't nei in teekoepel oan de [[De Potmarge (wetter)|Potmarge]] rûn. Oan de sydkant fan it hûs wie noch in fiver mei foarmbeammen. De perken mei beammen wienen symmetrysk en der wienen hagen, poarten en ek twa huzen by de yngong. It bûtenhûs bestie út twa lagen mei in grutte kape en fleugels. Op [[19e iuw]]ske tekeningen en foto’s blykt dat de bygebouwen los stiene en dat oan de súdeastkant in grutte útboude erker tsjin it dakskyld oanboud wie mei in kajút en balkon.
 
It bûten waard yn [[1765]] neilitten oan de herfoarme diakonij dy't grutte stikken ferkocht. It meastepart fan de tún kaam yn hannen fan túnker Bokke Doitses fan [[Huzum]] dy't it wer trochferkocht oan oare gerniers. Der waard doe griente en fruit foar de handel kweekt yn de stikken by de Potmarge.