Masedoanje (Aldheid): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 4:
Faak wurdt it Masedoanje fan eartiids betize mei it Masedoanje fan no, wylst dat twa ferskillende dingen binne. Der is hjoed de dei in gebiet yn it noarden fan Grikelân dat Masedoanje hjit en der is sûnt it útelkoar fallen fan Joegoslaavje in selsstannich lân mei deselde namme, wat al ta problemen mei Grikelân laat hat.<br />In diel fan de streek dy't op it kaartsje dûnker oanjûn is, waard yn prehistoaryske tiden bewenne troch de [[Aldmasedoanjers]], oer wa har komôf net folle mei wissichheid bekend is. Sels beskôgen se har as Griken, wylst se foar guon Griken as "barbaren" gouwen. De aristokrasy en de keningen út de dynasty fan de [[Argeaden]] wienen sûnder mis Gryksk. Oant yn histoaryske tiden bewarre de Masedoanyske mienskip skaaimerken fan de prehistoaryske Grykske stammen: it "feodale" ridderskip en it troch de gearkomste fan striidbere manlju te bekrêftigjen keningskip. Op kultureel mêd bleauwen de Masedoanjers lange tiid ôfsidich fan de oare Griken. Opmerklik is wol dat sommige keningen besochten om ta nauwere bannen mei Grikelânn te kommen.
 
Yn de [[7e iuw f.Kr.]] stifte [[Perdikkas I fan Masedoanje|Perdikkas]] yn Masedoanje it keningshûs fan de Argeaden. De earste werklik wichtige foarst wie [[Aleksander I fan Masedoanje|Aleksander I]] (498-454 f.Kr.), bynamme ''de Filhelleen''. Dy reorganisearre syn leger en krige it rjocht de [[Panhelleense Spullen|Olympyske Spullen]] by te wenjen, wêrtroch't hy yntinsyf belutsen rekke by de Grykse kultuer. Hy hat ea de dichter [[Pindarus]] nei syn hof útnoegeútnûge en skonk in gouden byld oan de timpel fan [[Delfy (Grikelân|Delfy]].<br />Syn opfolger [[Perdikkas II fan Masedoanje]] soe sels [[Sokrates]] oan syn hof hawwe wold.<br />De grutste kening út dizze perioade wie sûnder mis [[Argelaüs I fan Masedoanje]], dy't regearde fan [[413 f.Kr.]] ôf en yn [[399 f.Kr.]] fermoarde waard. Hy makke syn leger ta ien fan de bêste út de âlde wrâld, lei wegen oan yn syn lân, en helle keunstners as [[Euripides]] en [[Seuksis]] nei syn hof. Hy organisearre ek toanielwedstriden ta eare fan [[Seus]] en de [[Muzen]] en makke fan [[Pella (Masedoanje)|Pella]] syn haadstêd.
 
De machtsútwreiding ûnder [[Filippus II fan Masedoanje|Filippus II]] wie it begjin fan de romrofte perioade fan de Masedoanyske skiednis: de fjildtochten fan syn soan [[Aleksander de Grutte]]. Nei dy syn dea waard it oarspronklike Masedoanje in striidpunt ûnder de [[diadochen]] [[Antigonus Monofthalmus]], [[Kassander]] en [[Lysimachus]], oant him sûnt [[Antigonus Gonatas]] in mear stabile dynasty foarme, dy't yn [[168 f.Kr.]] ta fal brocht waard troch de Romeinen. It lân waard yn 4 fazalsteatsjes ferdield en 20 jier letter ta in Romeinse [[Masedoanje (Romeinske provinsje)|provinsje]] makke.