Ofskieding fan 1834: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 8:
Dizze selskippen, yn it tsjerklik taalgebrûk ''konvintikels'' bloeiden yn guon plakken. De Steaten moasten der oan te pas komme. Der waard besletten dat de selskippen net mear ûnder tsjerktiid gear komme mochten. Yn 'e praktyk begûnen de selskippen neist de tsjerke in eigen libben. Yn de synoadeferslaggen is soks nei te gean. Sa no en dan waard der wer klage oer dy konvintikels. Der waard om maatregels frege, mar de Steaten wienen net fan doel om der mear oan te dwaan.
 
It bleau net by preeklêzen. Guon selskippen noegennûgen soms sels in dûmny út om yn 'e wike in "oefening", wy soenen no sizze in "bibellêzing", te hâlden. Ek barde it dat ien fan de leden fan it selskip sels preke. Soms waard soks ek troch froulju dien. Boppedat wie der oefeners. Dit wienen helpprekers dy't in funksje hienen as siketreaster of kategisearmaster. Dizze waarden ek wol útnoegeútnûge om foar te gean.
 
In oar gefal wie it dûmnysreizgjen. Stie der earne in dûmny dy't preke nei 'it hert fan Jeruzalim', dan kamen der út fiere omkriten wei minsken om dy dûmny te hearren.