Perikles, Prins fan Tyrus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 44:
As Marina opgroeit, docht bliken dat hja kreazer is as Philoten, de dochter fan Cleon en Dionyza, wat foar Dionyza oanlieding is om risselwaasjes te meitsjen en fermoardzje it fanke. Har plannen wurde lykwols feridele as Marina [[ûntfiering|ûntfierd]] wurdt troch [[seerôvers]], dy't har ferkeapje oan in [[bordeel]] yn [[Mytilene]], op it eilân [[Lesbos]]. Marina wit dêr har fammesteat te behâlden troch alle klanten dy't mei har op bêd wolle, te bepraten en ta ynkear te bringen. Mei't se bang binne om gjin klanten mear oer te hâlden, beslute de útbaters fan it bordeel om har dan mar te ferhieren as priveeleararesse foar jongedames fan respektabel komôf. Se wurdt ferneamd om har muzyk en oare stylfolle optredens.
 
Underwilens keart Perikles werom nei Tarsus om syn dochter op te heljen. As Cleon en Dionyza him wiismeitsje dat it fanke stoarn is, sylt er alhiel ferbûke wer fuort. Syn omswalkings bringe him op in stuit nei Mytilene ta, dêr't de gûverneur, Lysimachus, him besiket op te fleurjen troch Marina út te noegjennûgjen om foar him op te treden. Perikles en it fanke reitsje oan 'e praat en komme der dan efter dat se heit en dochter binne. Dy nachts ferskynt de goadinne Diana yn in dream oan Perikles en hjit him nei har timpel yn Efeze te gean. Hy docht dat en fynt dêr Thaisa werom. It stik einiget as it houlik fan Marina mei Lysimachus oankundige wurdt en der berjocht út Tarsus komt dat Cleon en Dionyza omkommen binne by in folksopstân.
 
==Fryske oersetting==