Rudolf Steiner: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 11:
Steiner hie in skerp ferstân en wie al jong ynteressearre yn wiskunde en filosofy. Fan 1879 oant 1883, studearre hy oan de technyske universiteit yn [[Wenen]], dêr't er him spesjalisearre yn [[wiskunde]], [[natuerkunde]] en [[gemy]]. Yn 1891 promovearre hy yn de filosofy oan de universiteit fan [[Rostock]] mei in dissertaasje ûnder de titel ''Die Grundfrage der Erkenntnistheorie''. Inkele jierren letter waard dizze dissertaasje útbrocht ûnder de titel ''Wahrheit und Wissenschaft''.
 
Yn [[1888]] waard Steiner troch de gruthartochin fan Saksen, [[Sophie van Saksen]], útnoegeútnûge om de folsleine edysje fan [[Johann Wolfgang von Goethe|Goethes]] syn wittenskiplike wurken te yn [[Weimar]] te bewurkjen. Hjiroan wurke hy oant 1896. Yn dizze tiid wurke hy ek oan in edysje fan it folsleien wurk fan [[Arthur Schopenhauer]].
 
Steiner skreau syn filosofyske haadwurk, ''Die Philosophie der Freiheit'' (De filosofy fan fijheid) yn 1894. Dat wurk soe letter troch himsels beskôge wurde as grûnlizzend foar syn wurk yn de antroposofy. Hy beargumentearet dêryn de mooglikheid dat minske spiritueel frije wezens wêze kinne troch it bewuste tinken. Syn besyking yn dat boek om it transsindentaal idealisme, de filosofy fan [[Immanuel Kant]], te ûntkrêftsjen waard ôfwiisd troch sommige filosofen en akseptearre troch oaren, mar bleau by de measten ûnbekend.