Sniewytsje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 34:
Underwilens is de styfmem troch de betsjoende spegel oan 'e weet kommen dat Sniewytsje noch libbet en wêr't se is. Dat se ferklaait har as in âld keapwyfke en komt del by it hûs fan 'e sân dwergen as dy oerdeis yn harren myn oan it wurk binne. Se beart dat se riuwfiters te keap hat, mar as Sniewytsje ien prebearje wol foar it lyfke fan har jurk, lûkt se de fiter sa strak oan dat Sniewytsje net mear sykhelje kin en derhinne falt. De styfmem giet tefreden op hûs oan, mar as de dwergen jûns thúskomme en Sniewytsje op 'e flier fine, snije se de fiter stikken sadat se wer azemje kin, en dan komt it fanke stadichoan wer by. De styfmem kriget fan 'e spegel te hearren dat se noch hieltyd net de kreaste fan it lân is, en set foar de twadde kear dy kant út, no ferklaaid as in oar âld wyfke. Diskear besiket se Sniewytsje in giftige kaam te ferkeapjen, en as Sniewytsje dy wol útprebearje wol, falt se der wer hinne sadree't de kaam yn har hier komt. De styfmem giet wer fuort, mar op 'e nij komme de dwergen thús en diskear ferwiderje se de kaam, en dan blykt dat Sniewytsje noch net alhiel dea wie, dat se betteret wer op. De styfmem blykt noch altyd net de kreaste fan it lân te wêzen, dat foar de trêde kear giet se derhinne, no yn 'e momkape fan in âld boerinne dy't apels ferkeapet. Fannijs trapet Sniewytsje deryn en sadree't se in hap nimt fan 'e apel dy't se oannommen hat, falt se dea del. Diskear kinne de dwergen, as se letter thúskomme, har net helpe. Earst sille se har begrave, mar se is noch altyd sa tsjep, dat se dat net oer harren hert krije kinne. Dêrom meitsje se in glêzen kiste dêr't se har yn tepronk sette.
 
Op in dei komt der in prins, dy't op trochreis is, by de wente fan 'e dwergen lâns, en sjocht dêr de glêzen kiste stean. Hy rekket op slach fereale op Sniewytsje en besiket earst om 'e kiste mei har deryn te keapjen, mar de dwergen litte him witte dat dy noch net te keap is foar al it goud op 'e wrâld. Dan smeket er harren om him de kiste te skinken, en dêrby komt er harren sa op it moed, dat se dêr úteinlik yn tastimme. Mar as in pear feinten fan 'e prins de kiste fuortdrage sille, stroffelet de iene oer in útstykjende beamwoartel en lit er de kiste falle. troch de skok sjit Sniewytsje it stik fan 'e giftige apel út 'e kiel en hja komt wer by. Koarte tiid letter trout se mei de prins en ek har styfmem wurdt útnoegeútnûge foar de brulloft. Mar as dy dêr arrivearret, wurde der in pear yn it hurdfjoer gleonhjit makke izerne skuon foar har klearset, en wurdt se twongen om mei dy oan 'e fuotten te dûnsjen oant se dea delfalt.
[[File:Парад невест 353.JPG|thumb|right|180px|In fanke yn it Sniewytsje-kostúm sa't dat popularisearre is troch de [[tekenfilm]] ''[[Snow White and the Seven Dwarfs]]'', út [[1937]].]]