Kamera: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2:
[[Ofbyld:Camara de fotos.svg|thumb|''iepenwurke fototastel'']]
 
In '''kamera''' is in ôfsluten romte of kastke wêryn't troch in gat of [[Lins (optyk)|lins]] foarwerpen op inien fan de wannenwanden ôfbylde wurde. It wurd kamera komt út it [[Latyn]] en is it earste wurd fan de oarspronklike útdrukking ''[[Kamera obskura|camera obscura]]'' ('donkere keamer').
 
Sa'n donkere keamer is in romte dy't hielendal fertsjustere is, mei in lyts gatsje yn de wand. Is der bûten genôch ljocht, dan is op de wand foar it gatsje oer it byld fan de bûtenwrâld.
 
== Skiednis ==
De ''camera obscura'' waard beskreaun yn in manuskript fan [[Leonardo da Vinci]]. It orizjinele manuskript fan Da Vinci bestiet net mear, mar der is in oersetting út [[1797]] bekend fan de natuerkundige [[Giovanni Battista Venturi|Venturi]]. Ek yn de [[Grykske âldheid]] ([[Aristoteles]]) wienen der lykwols al beskriuwings fan ôfbylden troch in lyts gastegatsje op de wand fan in donkere keamer.
 
Wurdt it gatsje grutter makke, dan wurdt it byld helderder, mar ek minder skerp.
De oplossing dêrfoar is om foar it gatsje in positive [[Lins (optikaoptyk)|lins]] te setten.
 
Sûnt de [[16e iuw]] waard de kamera obskura mei [[matglês]] en lins brûkt as helpmiddel foar [[Keunstskilder|skilders]] en [[tekener]]s. Troch in projektearre byld op tin papier oer te lûken wie men yn steat [[lineperspektyf|perspektivysk]] goede tekeningen te meitsjen. Nei de ûntwikkeling fan it fotografyske [[Skiekunde|gemyske]] prosedee waard de kamera brûkt om [[fotografy]] mei te bedriuwen.
 
== Tsjintwurdich ==
[[Fideokamera]]'s, [[filmkamera]]'s en [[telefyzjekamera]]'s binne geskikt foar it meitsjen fan opnamen fan bewegende of feroarjende bylden, neamd [[fideo]], [[telefyzje|telefyzje-opnamen]], of [[Film (sinematografy)|films]], meastal ynklusyf lûd. [[Fotokamera]]'s binne inkel geskikt foar it meitsjen fan stilsteande opnamen, [[fotografy|foto's]] sûnder lûd. Neist fotokamera's binne ek [[digitale kamera]]'s (ynklusyf [[mobile telefoan]]s mei ynboude kamera's) benammen bedoeld om foto's mei te meitsjen, al ha se bytdenbytiden de mooglikheid om fideo-opnamen te meitsjen fan minne kwaliteit (lege resolúsje en in lyts oantal bylden perde sekonde).
 
In oar wichtich ûnderskied wurdt makke tusken de kamera's dy't elektroanysk wurkje (sjoch [[digitale kamera]]'s en [[fideokamera]]'s) en kamera's dy't wurkje mei ljochtgefoelige film (sjoch [[fotokamera]]'s en [[filmkamera]]'s). De measte moderne kamera's wurkje elektroanysk mei útsûndering fan profesjonele kamera's foar it meitsjen fan [[Film (sinematografy)|films]].