Alanen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 25:
De eastlike tûke fan de Alanen, dy't yn streken fan de Oekraïne en oan de foet fan de Kaukasus efterbleaunen, bleauwen ûnder de hearskippij fan de [[Hunnen]]. Yn de iere [[Midsiuwen]] waarden se bekeard ta it kristendom ûnder [[Georgje|Georgyske]] en [[Byzantynske Ryk|Byzantynske]] ynfloed. Yn de [[8e iuw]] ferskynde yn de noardlike [[Kaukasus]] in stabyl Alaansk keninkryk dat harsels, neffens histoaryske boarnen, [[Alaanje]] neamde. Dit keninkryk lei rûchwei op it plak fan it lettere [[Sirkaasje]] en it hjoeddeiske [[Noard-Osseetsje-Alaanje]]. Op syn hichtepunt wie Alaanje in sintraal late monargy mei in grutte militêre macht, dat profitearre fan de [[Siderûte]].
 
Yn de [[13e iuw]] waarden ûnder it bewâld fan de [[Mongoalske Ryk|Mongoalen]] de Alanen twongen om nei it suden te migrearjen, fan'ut de noardlike Kaukasus yn en oer it [[Kaukasusberchtme]]. Om [[1395]] feroveren de troepen fan [[Timoer Lenk]] de noardlike Kaukasus en roegerûge in grut part fan de Alaanske befolking út. De ôfstammelingen fan de Alanen dy't har yn it Kaukasusberchtme hanthavenje koenen steane bekend as de [[Osseten]].
 
[[Kategory:Etnyske groep út de Aldheid]]