Ester (bibelboek): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 42:
''Ester'' iepenet as keninginne Wasty, Ahasfearos syn earste frou, harsels oan it hof ûnmooglik makket troch it yn 'e kant te setten tsjin 'e fernederjende befellen dy't har man har yn in dronken bui opleit. Hja wurdt fansiden reage en dêrop moat der in nije keninginne komme. Om dy reden wurde alle jongfammen mei in tsjep foarkommen út hiel it Perzyske Ryk byinoar brocht yn 'e keninklike [[harem]] yn 'e stins [[Sûsan]], en dêrûnder is ek [[Ester (bibelsk persoan)|Ester]], in dochter fan [[Joaden|Joadske]] ballingen en in weesfamke dat ûnder fâdij stiet fan har neef (neffens oare oersettings: omke) Mordekai. Dyselde hie der foartiid by Ester op oanstien dat se har folk en komôf net leagenje soe, en dat docht se dan ek net as se har ienris yn 'e harem befynt, mar oan 'e oare kant rint se der likemin mei te keap. Dat, as hja úteinlik foar de kening brocht wurdt en by him tige by tige yn 'e smaak falt, wit hy neat oer har eftergrûn. Hy lit har in kroan op 'e holle sette en makket har ta syn keninginne foar Wasty yn 't plak.
 
Mordekai sit gauris yn 'e poarte fan it paleis, dêr't er berjochten mei Ester útwikselet, en as er dêr op in kear wer omhinget, fangt er nijs op oer in gearspanning fan guon hôvelingen tsjin 'e kening. Hy jout it troch oan Ester, dy't it útbringt oan Ahasfearos. De saak waard neigien en de belutsen hôvelingen giene in raar gat yn. Om dy tiid hinne komt in oare hôveling, [[Haman|Haman, soan fan Hammedata]], tige by de kening yn 'e geunst, en in elk falt foar him op 'e knibbels as er foarbyriidt. Mordekai wegeret dat lykwols te dwaan, op grûn fan syn joadske [[leauwe]]. Haman wurdt dêr alhiel breinroer oer en fettet dan it plan op om alle Joaden yn it Perzyske Ryk út te roegjenrûgjen. Ahasfearos harket nei syn ynskunings en lit in brief útgean nei de steedhâlders en lânfâden wêryn't dy befelle wurde om 'e [[folkemoard]] ta te rieden.
 
As Mordekai dêrfan heart, trunet er Ester oan om 'e kening te bepraten. Mar Ester skytskoarret der wat tsjin oan. Einlings en te'n lêsten leit se dan oan Ahasfearos út dat as Haman syn sin kriget, sysels ek deadien wurde moatte sil. Dêrop ûntstekt de kening yn grutte grime en lit er Haman oppakke en op in peal speetse. En de Joaden wurde oproppen om op 'e dei dy't earst steld wie foar harren útroeging ynstee al harren ferfolgers út te roegjenrûgjen. Mordekai wurdt oansteld foar Haman yn 't plak en hy lit fêstlizze dat de Joaden tenei elts jier it Pûrimfeest fiere moatte om harren rêding fan 'e útroeging te betinken.
[[File:Megillat Esther (1).jpg|right|thumb|250px|In moderne, hânskreaune boekrôle fan ''Ester''.]]