Klaudius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 5:
Klaudius syn mem wie [[Antonia Augusta]] en hy beppesizzer fan [[Livia Drusilla]], de lêste frou fan keizer Augustus. Hy wie behept mei wat lichaamlike ûngemakken. Hy rûn wat mank, stammere en wie nei alle gedachten ek licht [[Spastisiteit|spastysk]], wêrtroch in soad fan syn tiidgenoaten him as achterlik beskôgen, hoewol't him geastlik neat mankearre. Troch syn neiste famylje waard er links lizzen litten; hoewol't syn âldomke keizer Augustus wol in soad wille oan him belibbe om't er tige yntelligint wie. Hy wie dan ek faak by de keizer. Syn mem woe yn alle gefallen neat mei him te krijen hawwe.
 
Doe't er folwoeksen waard mocht er gjin iepenbiere amten beklaaie, wat yn dy tiid gewoan wie foar in jonge út syn miljeu. Nei alle gedachten hat er letter dêroan te tankjen dat er noch yn libben wie, doe't it meastepart fan syn famylje útroegeútrûge wie. Troch de omjouwing waard er nea sjoen as in serieuze rivaal foar de macht. De mear ambisjeuze leden fan syn famylje sneuvelen faak al op jonge leeftyd ûnder frjemde omstannigens, lykas syn populêre broer [[Germanikus]]. Klaudius sels fûn it net slim dat er net belutsen waard yn de protte [[yntrige]]s dy't yn de famylje spilen en troch it ûntbrekken fan ferantwurdlikens koe hy him wije oan syn leafhawwerijen lykas skiednis, literatuer en it studearjen yn it generaal.
 
Mei keizer Augustus koe Klaudius it goed fine, mar mei syn omke [[Tiberius]] dy't keizer Augustus yn [[9]] opfolge hied er amper kontakt.