Lord Howe (eilân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 33:
[[Ofbyld:LordHoweIslandPigeonByGeorgeRaper.jpg|right|thumb|200px|In ôfbyld fan 'e [[Lord Howe-wythalsdo]] (út [[1790]]), dy't foàr [[1900]] útstoar.]]
 
Guon oare lânseigen soarten wiene net sa lokkich. De [[Lord Howe-moerashin]], de [[wythalsdo]], de [[readkroanparkyt]] en de [[tasmangint]] waarden allegear al foàr [[1900]] troch de minske útroegeútrûge, itsij troch oerbejaging, itsij om't se it op 'e lânbougewaaksen fan 'e minsken foarsjoen hiene en as skealik ûngedierte beskôge waarden. Der is noch mar ien lânseigen [[sûchdier]] op Lord Howe oer: de [[grutte wâldflearmûs]]. De [[Lord Howe-langearflearmûs]] is inkeld bekend fan bonkeresten, en men giet derfan út dat dy útroegeútrûge is troch de rotten. De beide lânseigen [[reptilen|reptilesoarten]], de [[Lord Howe-skink]] en de [[Lord Howe-gekko]], binne op it haadeilân seldsum, mar komme op 'e lytsere eilantsjes noch rûnom foar.
 
It [[Lord Howe-stôkynsekt]] ferdwûn fan it haadeilân koart nei de komt fan 'e rotten, en waard as útstoarn beskôge, mar yn [[2001]] waard der in lytse populaasje ûntdutsen yn ien inkele strûk op 'e fierders ûnbegroeide skeanten fan [[Ball's Pyramid]]. It mânske bist is ûnderwilens sa súksesfol yn finzenskip fokt, dat de kâns op útstjerren wykt is. Men is fan doel om him mei koarten op it haadeilân te reyntrodusearjen. Ek de lânseigen [[Lord Howe-flaaksslak]] hie slim te lijen fan 'e rotten. De soarte is sadwaande no bedrige, en ek hjirfoar is in fokprogramma yn finzenskip opset.