Stedsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 39:
[[File:Lânkaart lokaasje Stedsk yn Hollânsk taalgebiet.PNG|right|thumb|250px|De lokaasje fan 'e Stedske dialekten (read) yn it gruttere [[Hollânsk]]e dialektgebiet (ljochtgriis).]]
 
Oant djip yn 'e [[achttjinde iuw]] waard it Stedsk beskôge as in foarm fan it Nederlânsk dy't moai binnen de folle bredere sprektaalnoarm fan dy tiid lei. It Stedsk wie fansels wol in dúdlik regionaal kleure fariant fan 'e Nederlânske standerttaal, mar waard net beskôge as in ôfwikend dialekt. Sadwaande hie it Stedsk, as "it Nederlânsk" (sa't dat yn Fryslân sprutsen waard) iuwenlang in folle hegere maatskiplike status as it Frysk, dat nei [[1500]] in sprektaaltsje op it plattelân wurden wie. Pas nei [[1800]], doe't men regionale wurdfoarmen út 'e standerttaal begûn te wjudzjen en dêrnjonken it [[ûnderwiis]] en de ferkearsferbinings ferbettere waarden, begûn men it Stedsk as in dialekt te beskôgjen, en dialekten, sa fûn men doedestiden, wiene breklike taalfarianten dy't útroegeútrûge wurde moasten. It Stedsk wist lykwols oant de ein fan 'e [[njoggentjinde iuw]] noch syn relatyf hege status as taal fan 'e stedske boargerij en de Fryske [[adel]] te behâlden. Sûnt hat it Frysk krekt wer in hegere status krigen, wylst it Stedsk ta de taal fan it sljochtwei stedsfolk wurden is en de hegere klassen oergien binne op it Nederlânsk.
 
==Wurdboeken==