Ester (bibelboek): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 26:
| ISBN oers. =
}}
'''''Ester''''', yn it oarspronklike [[Hebriuwsk]]: '''אֶסְתֵר''', '''''Esṯer''''', is in boek yn sawol de [[joadendom|joadske]] as de [[kristendom|kristlike]] [[Bibel]]. Yn 'e joadske ''[[Tenach]]'' falt it ûnder de ''Ḵeṯuḇim'', de ''Geskriften'', en is it it 22ste boek (fan 24); yn it [[Alde Testamint]] fan 'e kristlike Bibel falt it ûnder de ''Skiednis'' en is it (neffens de [[Nije Fryske Bibeloersetting]] fan [[1978]]) it 17de boek (fan 39). Yn ''Ester'' wurdt it ferhaal fan 'e jonge [[Joaden|joadske]] faam mei deselde namme ferteld, dy't ûnder de [[Babyloanyske Ballingskip]] de earste frou en keninginne fan 'e [[Perzyske Ryk|Perzyske]] kening Ahasfearos wurdt en har folk fan 'e útroegingútrûging rêdt. De earste folsleine [[Frysk]]e oersetting fan ''Ester'' stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint fan dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dy't yn [[1943]] útkaam.
 
==Oarsprong en skriuwer==
Rigel 44:
Mordekai sit gauris yn 'e poarte fan it paleis, dêr't er berjochten mei Ester útwikselet, en as er dêr op in kear wer omhinget, fangt er nijs op oer in gearspanning fan guon hôvelingen tsjin 'e kening. Hy jout it troch oan Ester, dy't it útbringt oan Ahasfearos. De saak waard neigien en de belutsen hôvelingen giene in raar gat yn. Om dy tiid hinne komt in oare hôveling, [[Haman|Haman, soan fan Hammedata]], tige by de kening yn 'e geunst, en in elk falt foar him op 'e knibbels as er foarbyriidt. Mordekai wegeret dat lykwols te dwaan, op grûn fan syn joadske [[leauwe]]. Haman wurdt dêr alhiel breinroer oer en fettet dan it plan op om alle Joaden yn it Perzyske Ryk út te rûgjen. Ahasfearos harket nei syn ynskunings en lit in brief útgean nei de steedhâlders en lânfâden wêryn't dy befelle wurde om 'e [[folkemoard]] ta te rieden.
 
As Mordekai dêrfan heart, trunet er Ester oan om 'e kening te bepraten. Mar Ester skytskoarret der wat tsjin oan. Einlings en te'n lêsten leit se dan oan Ahasfearos út dat as Haman syn sin kriget, sysels ek deadien wurde moatte sil. Dêrop ûntstekt de kening yn grutte grime en lit er Haman oppakke en op in peal speetse. En de Joaden wurde oproppen om op 'e dei dy't earst steld wie foar harren útroegingútrûging ynstee al harren ferfolgers út te rûgjen. Mordekai wurdt oansteld foar Haman yn 't plak en hy lit fêstlizze dat de Joaden tenei elts jier it Pûrimfeest fiere moatte om harren rêding fan 'e útroegingútrûging te betinken.
[[File:Megillat Esther (1).jpg|right|thumb|250px|In moderne, hânskreaune boekrôle fan ''Ester''.]]