Joaden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 4:
 
==Skiednis==
It Joadse folk libbe te minsten trijetûzen jier yn it [[Palestina|Lân fan Israël]], dêr't it in monoteïstyske religy ûntwikkele en yn els gefal twarris in selstannige steat foarme (fan 1350 oant 586 f.Kr en 140 to 37 f.Kr.). De Joaden waarden troch de [[Romeinske Ryk|Romeinen]] nei de lêste joadske opstân hast folslein út Palestina ferbanne en binne sûnt oer de wrâld ferspaat rekke ([[diaspora]]) en hawwe sûnt in bestean hân dêr't earmoede, diskriminaasje, ûnderdrukking en uitroegingútrûging, ôfwiksele waard mei tiden fan kulturele, ekonomyske en yndividuele. Troch de jierren hinne wie de joadske religy, it [[joadendom]], de foarneamste binende faktor foar de joaden, mar gjin eask om ta it joadske folk rekkene te wurden.
 
Sûnt de opkomst fan it [[nasjonalisme]] en de [[Ferljochting]] by folkeren om har hinne, hawwe de joaden ek in feroaring ûndergien wêrtroch in protte harren mear as in etnyske of etno-religieuze mienskip yn oare folken beskôgjen gean binne. Doe koe it dielnimmen oan alle aspekten fan it maatskiplik libben ek tanimme. Benammen is fan East- en Sintraal-Jeropa út, dêr't it steechste [[antisemitisme]] foarkaam, in Joadske nasjonale beweging ûntstien, it [[Zionisme]], dat bydroech oan de groei fan de Joadse mienskip yn it doetiidske [[Ottomaanske Ryk|Ottomaanske]] en letter [[Feriene Keninkryk|Britske]] mandaatgebiet Palestina en lang om let oan de stichting fan de steat [[Israel]] yn [[1948]].