Waling Dykstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
foto monumint
Rigel 3:
 
== Libben ==
[[File:Waling Dijkstra.JPG|thumb|Monumint Waling Dykstra yn Holwert fan [[Chris Fokma]]]]
Waling Dykstra waard berne te Froubuorren as bakkerssoan en soe sels it fak ek leare. Al rillegau kaam hy der efter dat dat syn ropping net wie. Yn [[1853]] die er de bakkerij oan kant en wurke doe yn in boekwinkel yn [[Frjentsjer]]. Yn 1855 troude hy op 'e nij mei Afke (Jans) de Boer, mei wa er âlve bern krige soe. Yn 1861 ferhuze hy nei Holwert, dêr't er in eigen boekwinkel iepene. It measte fertsjinne er lykwols mei de pinne. Hy wie redakteur fan in rege periodiken, dy't er foar it grutste part sels folde û.o. [[De Bijekoer]], de [[Fryske hûsfreon]], de [[Fryske Nijsboade]], [[Friso]], [[Friesch Volksblad]], [[Sljucht en rjucht|Sljucht en Rjucht]], en [[As jimme it leije meije]].