Lyndensteyn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omst
No edit summary
Rigel 4:
 
== Skiednis ==
Lyndenstein is yn 1821 boud foar de grytman fan [[Opsterlân]], Frans Godaert van Lynden, nei ûntwerp fan Abraham Bruinsma, arsjitekt yn Ljouwert. OpIt [[18hûs maaie]]kaam 1860yn wurdtit frelleplak Corneliafan Johanna'Nieuw MariaFockens', berneit hûs dat [[Martinus Fockens]], dochtergrytman fan MariaOpsterlân, Catharinayn vande Pallandttwadde enhelte Baronfan Reinhardtde van17e Lyndeniuw sette litten hie.
Se wenje yn de simmermoannen op Lyndensteyn yn Beetstersweach.
 
Op [[18 maaie]] 1860 wurdt frelle Cornelia Johanna Maria berne, dochter fan Maria Catharina van Pallandt en Baron Reinhardt van Lynden. Se wenje yn de simmermoannen op Lyndensteyn yn Beetstersweach. Trochdat de lytse Cornelia mei in swakke sûnens hat wurdt se tige beskerme en religjeus opfieden en hat simmerdeis yn [[Beetstersweach]] eigentlik allinnich kontakt mei de [[hûsûnderwizer]], de [[gûvernante]] en de [[dûmny]].
 
As Cornelia sawat tolwe jier âld is, wurdt se har bewust fan de sosjale need yn De Sweach en omkriten. It idee om dêr wat oan te dwaan dielt se mei har heit en mem. It hinnehok yn de tún wurdt ynrjochte as apteek en fan dêrút wurde doarpslju fergees foarsjoen fan medisinen en hûsmiddeltsjes.
 
Yn de jierren dêrnei giet de sûnens fan Cornelia hieltyd fierder efterút en op [[26 maaie]] [[1880]] komt se te ferstjerren oan [[tuberkuloaze]] wat se skype hie by sikebesites.
As neitins oan frelle Cornelia wurdewaard yn 1905, Hûs Lyndensteyn en de byhearrende besittings ûnderbrocht yn de [[Cornelia Stifting]], dy't as earste doelstelling hie: It kosteleas opnimmen fan gammelige, beheinde of earme minderjierrige bern. Yn [[1962]] waard dit skoalle Lyndensteyn mei yn 2008 245 learlingen. It motto fan de skoalle is: 'regulier wêr't it kin, spesjaal wêr't it moat'.
 
== Sjoch ek ==