Towy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 3 apr 2016 om 18.23

Towy, of Tywi, (Welsk: Afon Tywi) is de langste rivier dy't inkelt en allinne yn Wales streamt.

De rin fan de Towy
Brêge oer de Towy by Nantgaredig

De rivier ûntspringt yn it Kambrysk Berchtme en streamt troch it Tywi Forest en foarmet dêr de grins tusken Ceredigion en Powys. De rivier rint fierder nei it súdwesten troch de stêden Llandovery en Llandeilo yn Carmarthenshire. Yn Carmarthen komt de rivier mei de Afon Gwili byinoar yn Abergwili. Uteinlik komt de Tywi út yn de baai fan Carmarthen, yn in estuarium mei de Tâf en de Gwendraeth, eastlik fan Pendine Sands. De mûning fan it estuarium fan de Towy wurdt behearske troch Llansteffan Castle, een 12e iuwsk kastiel yn Normandyske styl.