Wynmotor: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 13:
 
In wynmotor had blêden yn stee fan wjukken.
De grutste wynmotors hawwe tweintich oant tritich blêden, in betonnen ûnderbou, it platfoarm en isbinne meastentiids fan it merk Herkules (type Metallicus). De middelgrutte wynmotors hawwe tsien oant tweintich blêden. Se binne fakentiden útfierd mei in platfoarm en binne meast fan it merk Record. It lytste type hat fjouwer losse blêden. In soad fan dizze lytse en middelgrutte wynmolens waarden makke troch it wynmotorfabryk Bruorren Bakker yn [[Drylts]].
 
In neidiel fan blêden is dat it opperflak net fermindere wurde kin by hurde wyn. Dêrom hat in wynmotor ornaris in twadde wynwizer, dy't at de wyn te hurd wurdt de blêden út de wyn draaie moat. Mûglik funksjonearre dit goed ûnder de Amerikaanske omstannichheden dêr't de wynmotor foar ûntwikkele wie, mar yn Nederlân hienen wynmotors dochs noch wolris stoarmskea.