Dee Brown: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
No edit summary |
stav. |
||
Rigel 25:
==Libben==
Dee Brown waard op [[29 febrewaris]] [[1908]] berne yn it houtseagerijstedsje [[Alberta (Louisiana)|Alberta]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Louisiana]], mar groeide op op it plattelân fan [[Ouachita County (Arkansas)|Ouachita County]], yn [[Arkansas]], dêr't om syn trettjinde hinne [[ierdoalje]] fûn waard. Mei syn mem Lula Cranford Brown en syn broer en beide susters ferfear er letter nei de Arkansaanske haadstêd [[Little Rock (Arkansas)|Little Rock]], om't dêr better ûnderwiis beskikber wie. Brown wie al ier in
Nei't er de middelbere skoalle ôfrûne hie, krige Brown baantsjes as [[drukker]] en [[sjoernalist]] yn [[Harrison (Arkansas)|Harrison]], mar hy besleat om fierder te learen oan it ''Arkansas State Teachers College'' yn [[Conway (Arkansas)|Conway]], dêr't er [[skiednis]] studearre. In bybaantsje yn 'e bibleteek dêre oertsjûge him derfan om bibletekaris te wurden, dat midden yn 'e [[Krisisjierren]] sette er ôf nei [[Washington, D.C.]], om dêr oan 'e [[George Washington Universiteit]] ôf te studearjen. Yn 'e Amerikaanske haadstêd trof er Sally Stroud, dy't ek oan it ''Arkansas State Teachers College'' studearre hie, en mei wa't er úteinlik troude. Yn [[1934]] fûn er wurk as bibletekaris foar it [[Amerikaansk Ministearje fan Lânbou|Amerikaanske Ministearje fan Lânbou]], dêr't er oant [[1942]] bliuwe soe.
|