Frysk Skipfeart Museum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 9:
 
== Kolleksjes ==
Yn de ôfdieling [[Fryske Admiraliteit]] stiet in grut kanon, dat fan in Frysk oarlochsskip komt. Oant 1795 hie Fryslân in eigen ôfdieling fan de Admiraliteit (seemacht). Fryslân hie gjin keamer by de [[Feriene Eastynjeske Kompanjy|VOC]], mar tûzenen Friezen hawwe wol op [[VOC]]-skippen fard. De measte Fryske seefeart falt lykwols yn de kategory kustfeart. Mei [[kof]]skippen en [[smak]]skippen farden Fryske skippers nei de [[Skandinaavje|Skandinavyske]] lannen, nei de lannen oan de [[Eastsee]], nei Frankryk en [[Spanje]]. Reders en seehannelers makken mei de kustfeart yn de 17e en [[18e iuw]] grutte winsten. Yn de ôfdieling [[beurtfeart]] is omtinken foar de binnenfeart. It farwegennet fan Fryslân wie wiidfertakke. Mei in [[skûtsje]] wie it mooglik om yn hast alle Fryske doarpen mei it skip te kommen. Lânwegen wienen der folle minder. Beurtskippen en trekskippen[[trekskip]]pen ûnderholden de ferfierstsjinsten tusken de ferskillende stêden en doarpen yn Fryslân. De wat gruttere beurtmannen farden oer de [[Sudersee]]. Oan de hân fan skipsmodellen wurde dy ferhalen ferteld. Yn de skûtsjeseal wurdt de skiednis fan de Fryske binnenfeart beljochte. Fryske skippers wennen en wurken mei harren húshâlding oan board fan harren skip. De rekonstruksje fan in roef toant dat se lyts behuze wiene. Skippen wienen faak ryk fersierd. Yn it museum is in grutte kolleksje skipssier te sjen: roerklikken, hakkeboerden, roerkoppen ensafuorthinne. Bysûnder wie de ielhannel. Ut [[Heech]], [[De Gaastmar]] en [[Warkum]] wei waard op grutte skaal iel eksportearre nei Londen. Mei ielaken waard de iel ferfierd. De Fryske wetterwegen wurde no benammen brûkt troch wettersporters. Dêrom is der yn it museum ek in grutte kolleksje modellen fan syl- en motorjachten te sjen: [[boeier]]s, [[tsjotter]]s, BM-ers, reinbôgen, mar ek modernere klassen as de Flits.
 
Yn de Iisseal is te sjen hoe't winterdeis de wetterwegen feroaren yn snelwegen foar reedriders. Folle hurder as mei in skip koene op redens grutte ôfstannen ôflein wurde. Der binne ûnderskate redens te sjen, mar ek prizen fan ferneamde Fryske riders. De prizen fan de [[Alvestêdetocht]] binne der bygelyks eksposearre.