Sint-Klemenstsjerke (Nes): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Pierlala (oerlis | bydragen)
beuk
Rigel 4:
De [[neogotyk|neogotyske]] tsjerke út [[1878]] waard ûntwurpen troch de arsjitekt [[Pierre Cuypers]]. Dit wie de seisde fan de yn totaal sân neogotyske tsjerken dy't hy yn Fryslân boude.
 
Cuypers hie yn [[1877]] in tsjerke boud yn it Noarske plak [[Halden]]. Noarske ynfloeden binne yn syn ûntwerp fan de tsjerke oanwêzich, al is it ûntwerp ek foar it grutste part basearre op Cuypers' tsjerke yn [[Ruurlo]] út [[1868]]. De ienboekigeienbeukige tsjerke mei [[dakruter]] hat in heech dak mei in oerhingjende dakrâne. De tsjerke bestiet foar in grut part út houten konstruksjes dy't yn Cuypers' atelier yn Amsterdam makke waarden en pas yn Nes assemblearre waarden. It [[heechalter]] is út [[1885]] en de [[brânskildere glês|brânskildere]] ramen út [[1897]]. De tsjerke is in [[ryksmonumint]].
 
De tsjerke stiet oan de Kardinaal De Jongwei, ferneamd nei de yn Nes berne [[Johannes de Jong]] ([[1885]] - [[1955]] ). As neitins is der ek in stânbyld, in plakette en in brânskildere raam.