Ferskil tusken ferzjes fan "Nearo"

2 bytes lytser ,  5 jier lyn
L (Removing Link GA template (handled by wikidata))
 
== Keizerskip ==
Yn it begjin fan it regear fan Nearo hie syn mem grutte ynfloed op him, mar nei de dea fan Britannikus waard sy troch him fan it paleis fuort stjoerd, sadat Nearo op 18-jierrige leeftyd alle alle macht yn hannen krige. Syn wichtichste adviseurs waarden Seneka en de prefekt fan de Praetorjaanske garde, [[Burrus]]. Fjouwer jier letter liet er syn mem deadzje.
 
De earste fiif jierren fan syn bewâld wienen in gouden tiid foar [[Rome (stêd)|Rome]] en it [[Romeinske Ryk]]. Oeral hearske frede en wolfeart troch de kundige advizen fan Seneka en Burrus. Nei dizze fiif jier begûn Nearo him lykwols hieltyd minder te bemuoien mei it lânsbestjoer, mar hâlde er him ynstee dêrfan foaral dwaande mei syn passy's foar de [[Grikelân|Grykske]] kultuer, keunst, benammen mei toaniel en muzyk, mar ek drank, seks en minne perversiteiten.
 
Yn [[62]] kaam Burrus om it libben (neffens grutegeroften waard wie er troch Nearo fermoarde) en tsjinne Seneka syn ûntslach yn, wat troch Nearo wegere waard. Ek liet er syn frou Klaudia terjochtstelle en ferfong har troch syn matresse [[Poppaea]], de eks-frou fan syn eardere freon [[Oto]] dy't er fuort promovearre hie as gûverneur fan Lusitania (tsjintwurdich [[Portegal]]).
 
=== Kristenferfolgings ===
Anonime meidogger