Nearo: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 12:
De earste fiif jierren fan syn bewâld wienen in gouden tiid foar [[Rome (stêd)|Rome]] en it [[Romeinske Ryk]]. Oeral hearske frede en wolfeart troch de kundige advizen fan Seneka en Burrus. Nei dizze fiif jier begûn Nearo him lykwols hieltyd minder te bemuoien mei it lânsbestjoer, mar hâlde er him ynstee dêrfan foaral dwaande mei syn passy's foar de [[Grikelân|Grykske]] kultuer, keunst, benammen mei toaniel en muzyk, mar ek drank, seks en minne perversiteiten.
 
Yn [[62]] kaam Burrus om it libben (neffens geroften waard wie er troch Nearo fermoarde) en tsjinne Seneka syn ûntslach yn, wat troch Nearo wegere waard. Ek liet er syn frou Klaudia terjochtstelle en ferfong har troch syn matresse [[Poppaea]], de eks-frou fan syn eardere freon [[Oto]] dy't er fuort promovearre hie as gûverneur fan Lusitania (tsjintwurdich [[Portegal]]).
 
=== Kristenferfolgings ===