Nûnatsiavût: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
"Makkovik_sunset.png" is op Commons fuorthelle Jameslwoodward om't: Per c:Commons:Deletion requests/File:神戸の夕焼け1982、Img747.jpg.
Rigel 24:
 
Fierdersoan wie yn it akkoart fêstlein dat yn it frijwol hielendal ûnbewenne noardlike trêdepart fan it gruttere gebiet it [[Nasjonaal Parkreservaat de Torngatbergen]] stifte waard. Ek stie deryn dat de federale oerheid in bedrach fan [[Kanadeeske dollar|K$]]130 miljoen oan 'e Labradorske Inûyt betelje soe as skeafergoeding foar in twongen ferhuzing (of deportaasje) fan 'e Inûytbefolking yn 'e 1950-er jierren, nochris K$120 miljoen om 'e oprjochting fan in eigen autonoom regear mei te bekostjen, en dêrnjonken ek [[royalty]]s foar de ûnderskate [[dylchstof]]fen dy't yn noardlik Labrador wûn wurde. Ta einbeslút wie der noch sprake fan in net spesifiëarre finansjele fergoeding foar de Inûyt dy't bûten it oerdroegen gebiet wennen.
 
[[File:Makkovik sunset.png|left|thumb|250px|Sinne-ûndergong yn it doarp [[Makkovik]].]]
 
De oerienkomst waard ratifisearre troch de Labradorske Inûyt en de parleminten fan Nijfûnlân en Labrador en fan Kanada, wêrnei't it spul op [[23 juny]] [[2005]] keninklike goedkarring krige. De [[grûnwet]] fan it nije gebiet waard op [[1 desimber]] [[2005]] oannommen; dêrmei ûntstie Nûnatsiavût as in steatsrjochtlike entiteit, wylst op datselde stuit de LIA ophold te bestean. De rie fan bestjoer fan 'e eardere LIA foarme in ynterim-regear, wêrnei't der yn oktober [[2006]] foar it earst ferkiezings holden waarden foar it 18 leden tellende parlemint fan it nije gebiet. It earste reguliere regear fan Nûnatsiavût waard op [[16 oktober]] [[2006]] ynsward.