André Hazes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omst
Rigel 21:
Yn [[1999]] hie de karriêre fan Hazes in oplibjen mei syn rol fan altyd-gewoan-bleaun-artyst yn de reklame. [[John Appel]] makke in dokumintêre mei itselde tema, mei de titel ''Zij gelooft in mij'' (''Sy leaut oan my''). Hazes blykt yn de film in hieltyd twifeljend persoan, dy't net mei de druk fan it artystelibben omgean kin. Dy druk waard noch heger doe't Hazes yn [[2002]] in koarte polityke karriêre hie: hy siet fan maart oant july foar de partij ''Ronde Venen Belang'' yn de gemeenterie fan [[De Ronde Venen]]. Mar op it lêst wie der in soad krityk fan oare fraksjes, dat er der net altyd by wie, en as gefolch derfan gong er fuort.
 
Yn [[2003]] fierde er noch syn sulveren jubileum, yn de [[Amsterdam Arena]], mar syn sûnens waard minder. Sa krige er maaie [[2004]] lêst fan syn ear. Troch in rûsroes koe er himsels net mear praten of sjongen hearre, sadat er needsake wie optredens ôf te sizzen. Op 22 septimber 2004 krige er in [[longûntstekking]], en waard er yn Woerden opnaam yn it sikehûs. De dei derop is er dêr ferstoarn oan in [[hertstilstân]]. Yn de Amsterdam Arena kamen op [[27 septimber]] sa'n 50.000 minsken byinoar om ôfskied fan him te nimmen.
 
== Keppeling om utens==