Sjamanisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omst
Rigel 11:
Dat it sjamanisme yn Korea noch bestiet en florearret, hat tsjin de ûnderdrukking yn west, dy't it sûnt 'e iere [[Yi-Dynasty]] (1392-1910) ûnderfûn hat. Hoewol't de measte Koreänen derop delsjogge, komme in hiel soad fan harren, ek as se oare religys oanhingje, yn tiid fan need by in ''mudang'' foar treast en help. It sjamanisme hat dan ek in grutte ynfloed hân op oare, útheemske religys yn Korea, lykas it [[Boedisme]] en it [[Kristendom]].
 
De [[Noard-Korea|Noardkoreaanske]] foarm fan sjamanisme wie yndividualistysk en ekstatysk, wylst de [[Súd-Korea|Súdkoreaanske]] ferzje basearre wie op reguliere mienskiplike rituëlen. It súdlike sjamanisme is oan it begjin fan 'e tweintichste iuw hast folslein útroegeútrûge troch kristlike misjonarissen. Op 't heden wurdt der, foar safier bekend, yn Noard-Korea, dat sûnt [[1948]] kommunistysk is, gjin sjamanisme mear beliden. De noardlike sjamanen binne nei it suden flechte, dêr't sadwaande no frijwol al it sjamanisme fan 'e noardlike fariant is.
 
=== Gûatemala ===