Britsk-Kolumbia: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 41:
 
==Skiednis==
Foar de komst fan 'e [[jeropide ras|blanken]] waard it grûngebiet fan Britsk-Kolumbia bewenne troch in grut ferskaat oan [[Yndianen|Yndiaanske]] folken, wêrûnder dy fan 'e kultuer fan 'e Noardwestkust fan [[Noard-Amearika]], dêr't de [[toatempeal]] wei komt (dy't dus net, sa't faak tocht wurdt, yn alle Yndiaanske kultueren foarkaam). Yn 'e 1770-er jierren kaam fan 'e folken fan 'e Noardwestkust teminsten 30% om by in [[pokken|pokke]]-[[epidemy]], dy't lykwols noch mar de earste yn in rige fan útbraken fan sykten wie dêr't de Yndianen gjin [[ymmúnsysteem|ymmuniteit]] foar hiene. De [[Grutte Pokke-epidemy]] fan [[1862]] roegerûge de Yndianen fan 'e Noardwestkust foar 50% út.
 
Neffens it ferhaal soe de [[Ingelân|Ingelske]] kaper en [[ûntdekkingsreizger]] [[Francis Drake|sir Francis Drake]] yn [[1579]] as earste [[Jeropa|Jeropeaan]] de kust fan Britsk-Kolumbia ferkend hawwe, mar de earste dokumintearre reis troch it gebiet waard makke troch de [[Spanje]]rt [[Juan José Pérez Hernández|Juan Pérez]], en datearret út [[1774]]. Pérez en syn neifolger [[Juan Francisco de la Bodega y Quadra]] namen Britsk-Kolumbia yn besit foar de Spaanske Kroan, mar de ferkenningen oer see fan [[James Cook]], yn [[1778]], en [[George Vancouver]], yn [[1792]]-[[1793]], en fan [[Alexander Mackenzie]], dy't yn [[1793]] de earste blanke wie dy't oer lân de Pasifyske kust fan Britsk-Kolumbia berikte, setten [[Grut-Brittanje|Britske]] oanspraken krêft by, en it wiene de Britten dy't úteinlik, yn [[1794]], oan it langste ein loeken. It Distrikt fan de Kolumbia, sa't it gebiet kaam te hjitten, rikte fan 'e súdgrins fan [[Russysk Amearika]] (oftewol Alaska), op 54°40′ noarderbreedte, oant de noardgrins fan [[Kalifornje]], dat ta de Spaanske koloanje [[Nij-Spanje]] (it lettere [[Meksiko]]) hearde. Dy krite, dy't net inkeld it hjoeddeiske Britsk-Kolumbia, mar ek de lettere Amerikaanske steaten [[Washington (steat)|Washington]], [[Idaho]] en [[Oregon]] omfette, wie neffens in ferdrach út [[1818]] "yn mienskiplik gebrûk" fan 'e [[Feriene Steaten]] en Grut-Brittanje, oant it by it [[Oregonferdrach]] fan [[1846]] opspjalten waard yn in noardlik Britsk en in súdlik Amerikaansk diel.