Dútslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
→‎Ekonomy: omstav.
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 34:
It [[Hillige Roomske Ryk]] wie it earste ''Reich'' of keninkryk. It begûn mei [[Karel de Grutte]], hy wie de earste Frankyske Ryk om it jier [[800]] hinne. De kroaningen fan de [[keizer]]s fan it Hillige Roomske Ryk wienen ynspirearre op de kroaning fan [[Karel de Grutte]] yn [[800]]. It Hillige Roomske Ryk ûntstie yn 843 mei it tekenjen fan it Ferdrach fan Verdun en bleau bestean oant [[1806]], de tiid fan [[Napoleon Bonaparte|Napoleon]].
 
It twadde ''Reich'' begûn mei in ferdrach yn [[1871]] yn Versailles. It Dútske Ryk kaam byinoar en de basis wie Prusen, útsein [[Eastenryk]]. Dútslân bleau in ryk mei in ferskate folken foar noch in 50 jier. Dútslân wûn de [[Frânsk-Dútske Kriich]] mei [[Frankryk]] yn [[1871]], en yn de [[Earste Wrâldkriich]] sette hja op 'e nij út ein mei in ynfaazje yn Frankryk. De kriich einiget mei it fjochtsjen yn 'e rinfuorgen, fuorgen groeven troch soldaten foar beskermjen. Der wienen in soad soldaten ferstoarn by de beide partijen. De kriich einiget yn [[1918]], en de Dútske keizer naait út nei [[Nederlân]]. Nei de revolúsje einiget it Twadde Reich en wie it begjin fan de demokratyske Weimar Republyk. Nei de kriich wienen der grutte ekonomyske problemen yn Dútslân troch it Ferdrach fan Versailles en de Grutte Depresje oer de gânse wrâld. Nei de ein fan de [[Earste Wrâldkriich]] waard op 9 novimber 1918 troch de sosjaaldemokratyske politikus Philipp Scheidemann yn Berlyn de republyk útroppen. Fanwege reboeljerebûlje yn Berlyn kaam de nasjonale gearkomste yn 1919 foar de earste kear by elkoar yn Weimar, dêr't de namme [[Weimarrepublyk]] troch ûntstien is.
{{SkiednisfanDútslân}}
It "[[Tredde Ryk]]" wie [[Nazy-Dútslân]]; fan [[1933]] oant en mei [[1945]]. [[Adolf Hitler]] wie lieder fan it regear, en mei goedkarring fan it parlemint krige hy op 23 maart 1933 de folsleine macht oer it lân, striidkrêften en regear. Hitler anneksearre [[Eastenryk]] en [[Tsjechje]], mar nei de anneksearring fan [[Poalen]] bruts 1 septimber 1939 de [[Twadde Wrâldkriich]] út. Oan it begjin wie de kriich foar Dútslân in súkses, Nazy-Dútslân ferovere in grut part fan Jeropa en de [[Sowjetuny]]. Nei de [[Slach om Stalingrad]] stie it der min foar mei it Dútske eastfront, en stadichoan lutsen de Dútsers har fjochtsjendewei werom út it easten. Nei de ynvaazje by [[Normandje]], [[D-Day]], waard de kriich op trije fronten fierd tsjin Nazi-Dútslân (west, súd en east). Ridlik gau feroveren de [[alliearden]] [[Parys]]. In tebeksetter foar de alliearden, en in súkses foar Nazi-Dútslân wie [[Market Garden]], lykwols wie der nei de slach tefolle optimisme by de Dútsers, dy't doe noch kânsen seagen om mei it [[Ardennenoffensyf]] foar in kearpunt yn de kriich te soargjen. Yn de [[Slach om Berlyn]] binne mear as 300.000 minsken stoarn, ek [[Adolf Hitler]] holdt it libben net, hy die himsels tekoart op [[30 april]] [[1945]]. Op 8 maaie [[1945]] wie de folsleine kapitulaasje fan [[Nazi-Dútslân]] tekene. Yn july/augustus 1945 waard de Konferinsje fan Potsdam holden, dêr't de oerwinners gear kamen oer de takomst fan Dútslân. Wat it grûngebiet oangiet moasten de gebieten beëasten de rivieren [[Oder]] en [[Neisse]] ûnder [[Poalen|Poalsk]] bewâld komme. De gebieten yn it westen dy't wilens de kriich aneksearre waarden, it Frânske Elzas-Lotaringen, Belgje krige syn Eastkantons werom. Lúksemboarch en Eastenryk waarden loskeppele fan Dútslân.