FBI: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 24:
Yn 'e fjirtiger jierren (en trochrinnend oant de santiger jierren) wie de FBI ek djip behelle yn it ûndersyk nei [[spionaazje]] yn 'e Feriene Steaten. Under de [[Twadde Wrâldoarloch]] waarden acht [[nazy]]-aginten pakt (wêrfan't seis terjochtsteld waarden), en ûnder de [[Kâlde Oarloch]] wie de FBI mei de [[Grut-Brittanje|Britske]] geheime tsjinst belutsen by it brekken fan 'e koades fan 'e diplomatike en feilichheidstsjinsten fan 'e [[Sovjet-Uny]] (in projekt wêrfan't Hoover oant [[1952]] "fergeat" de Amerikaanske bûtenlânske feilichheidstsjinst [[CIA]] oer yn te ljochtsjen). De ûntmaskering fan Sovjet-spionnen yn 'e Feriene Steaten, lykas [[Rudolf Abel]], yn [[1957]], bea Hoover in ferlechje om syn libbenslange obsesje mei linkse Amerikanen út te túljen yn in langjierrich ûndersyk nei û.o. de [[Amerikaanske Kommunistyske Partij]] (CPUSA) en de fakbûnen.
 
Yn 'e sechstiger jierren rekken Hoover-en-dy derfan oertsjûge dat de [[Amerikaanske Boargerrjochtebeweging]] in troch de Sovjet-Uny ynstigearre reboeljerebûlje wie en dat de lieders fan 'e beweging, lykas [[Martin Luther King]], temûk konneksjes mei kommunisten hiene en harren beweging as dekmantel brûkten foar anty-Amerikaanske aktiviteiten yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch. Sadwaande waard der in ûndersyk nei King en oare boargerrjochtelieders ynsteld. Yn [[1991]] publisearre de ''[[Washington Post]]''-[[sjoernalist]] [[Carl Rowan]] syn memoires, wêryn't er úthold dat de tsjinwurking fan King troch de FBI safier gie, dat de tsjinst King teminsten ienris in anonime brief stjoerd hie wêryn't er oanfitere waard om himsels tekoart te dwaan. Nei't yn maart [[1971]] ynbrutsen wie yn in FBI-kantoar yn [[Media (Pennsylvania)|Media]], yn 'e steat [[Pennsylvania]], stjoerden de dieders de geheime dossiers dy't se dêrby bútmakke hiene oan in grut tal [[krante]]n ta. Op dy manear kaam foar it earst de negative rol fan 'e FBI foar de Boargerrjochtebeweging oer oan it ljocht, wat ta in grut skandaal late.
 
Produktiver wie de striid dy't de FBI yn 'e fyftiger en sechstiger oanbûn tsjin 'e [[organisearre misdie]] (de [[maffia]]). Dêrtroch waard in grut tal misdiesyndikaten, wêrûnder dy fan 'e bekende maffiosy [[Sam Giancana]], [[John Gotti]] en [[Santo Trafficante jr.]], grutte slaggen tabrocht, sanet alhiel ûnder fuotten helle. Teffens waarden de grutte Amerikaanske fakbûnen oanpakt, dy't gauris nauwe bannen mei de maffia ûnderholden. De berucht fakbûnsbaas [[Jimmy Hoffa]] draaide bygelyks foar jierren it [[tichthûs (finzenis)|tichthûs]] yn. Om soks te berikken, makke de FBI doedestiden gebrûk fan ynformanten, wat mear as ienris folslein misrûn. Yn maart [[1965]] stie de tsjinst ta, om ien fan dy weardefolle ynformanten te beskermjen, dat fjouwer ûnskuldige manlju foar de [[moard]] op Edward "Teddy" Deegan yn 'e finzenis kamen. Ien krige [[libbenslang]] en de oaren waarden feroardiele ta de [[deastraf]], dy't letter omset waard yn libbenslang. Yn july [[2007]] waard de FBI sadwaande troch in Amerikaanske rjochter feroardiele ta it beteljen fan $100 miljoen oan 'e oangeande fjouwer manlju, by wize fan skeafergoeding foar de tritich jier dy't se efter de traaljes trochbrocht hiene.