Johan van Oldenbarnevelt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 10:
Sels soarge er ek foar mear macht. De [[Steaten-Generaal]] waarden tenei it sintrale bestjoersorgaan fan de Republyk en net mear de [[Rie fan Steat]]. Oldenbarnevelt naam sels ek in sit yn yn de Steaten-Generaal; op dy manier koe hy bepale wêr't de gearkomsten oer gienen. Hy beskikte oer in hiel soad kennis, hy bemoeide him mei alles en joech selden wat út hannen. Net ien koe om him hinne.
 
== De reboeljerebûlje ==
[[Ofbyld:Johan v Oldenbarnevelt TheHague.jpg|left|thumb|In stânbyld fan Johan van Oldenbarnevelt yn [[De Haach]].]]
De gearwurking mei Maurits de steedhâlder gie oant [[1600]] goed. Oldenbarnevelt die de polityk en [[Maurits van Oranje|Maurits]] ferovere de iene stêd nei de oare stêd. Mar Maurits waard wol âlder en koe hieltiten minder oer de bemuoienissen fan Van Oldebarnevelt. Maurits waard tsjin syn eigen oardiel yn nei [[Dúntsjerk]] stjoerd, wat late ta de [[slach by Nijpoart]]. Dizze minne ûntwikkelings hawwe de twa mannen útinoar dreaun. Doe't Van Oldebarnevelt der ek noch foar soarge dat der in [[tolvejierrich bestân|bestân]] kaam mei [[Spanje]] wienen de rapen gear. Maurits liet it op reboeljerebûlje oan komme. Dit krigen sy troch in ferskil fan miening yn de striid tusken de [[remonstranten]] en de [[kontraremonstranten]]. Maurits wie op de hân fan de kontraremonstranten, mar Oldebarnevelt twong de tsjerke om de remonstranten te tolerearen. Mei de [[Skerpe Resolúsje]] ([[1617]]) waarden de Hollânske stêden troch de steaten machtige om hiertroepen oan te nimmen om ûnrêst foar te kommen. Dit wie in grutte provokaasje tsjin Maurits: hy wie de baas fan it leger en dit gie direkt tsjin syn gesach yn. Maurits soarge derfoar dat de wet feroare waard en hy liet yn [[1618]] Van Oldebarnevelt en guon meistanners, lykas [[Hugo de Groot]], fêstsette. In bysûndere rjochtbank feroardiele Van Oldebarnevelt ta de dea fanwege heechferrie. Op[[ 13 maaie]] [[1619]] waard er ûnthalze.
 
Ta it publyk sei hy de ferneamde wurden: 'Mannen leau net dat ik in lânferrieder bin: ik haw oprjocht en from hannele, as in goed patriot, en sa sil ik stjerre'. Syn alderlêste wurden wienen tsjin de beul: Meitsje it koart, meitsje it koart.