Ferskil tusken ferzjes fan "Mozambyk"

Gjin feroaring yn grutte ,  5 jier lyn
omstav.
L (Portuguese spelling (República))
(omstav.)
Al foar de Jeropeeske ûntdekkingsreizen wennen der [[Arabieren]] oan de eastkusten fan [[Afrika]]. Sy dienen hannel tusken Afrika en [[Yndia]] mei goud, ivoar en slaven. Yn 1497 kaam Pedro da Covilhão as earste [[Portegal|Portugees]] yn Mozambyk oan. In jier letter kaam [[Vasco da Gama]] op it [[Eilân fan Mozambyk]] yn 'e kunde mei de sjeik Moussa Ben Mbiki, dêr't de namme Mozambyk fan ôflaat is. Lykas de Arabieren woenen de Portugezen ek grûnstoffen ha. Yn 1505 waarden de earste militêre posten fan de Portugezen boud.
 
Yn 1962 waard Frelimo (Mozambykske Frijheidsfront) oprjochte. Twa jier dêrnei begûn de frijheidsstriid tsjin de Portugezen. Yn 1975 waard Mozambyk ûnôfhinklik fan Portugal. De Frelimo hie dêrnei de steatsmacht yn Mozambyk. Healwei de santiger jierren begûn de reboeljerebûlje fan de fersetsbeweging Renamo tsjin it [[Marksisme|marksistyske]] regear fan Frelimo. Yn 1976 begûn de boargerkriich. Yn [[1989]] waard it Frelimo regear minder fûl en skafte it marksistysk sosjalisme as partij-ideology ôf. Yn 1990 kaam der in nije grûnwet en as gefolch kaam der in ein oan it ienpartijstelsel. De boargerkriich kaam yn 1992 offisjeel ta in ein. Yn 1994 waarden de earste frije ferkiezings holden.
 
== Demografy ==
17.653

bewurkings