Ostrogoaten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 8:
 
=== Ostrogoaten binnen it Romeinske Ryk ===
Doe't de Ostrogoaten ûnder lieding fan Alatheus en Safraks besochten har yn it Romeinske Ryk te festigjen, krigen sy ynearsten dêrfoar gjin tastimming. Op dat stuit hienen de Romeinen te krijen mei reboeljerebûlje fan de Fisigoaten, it oan de Ostrogoaten besibbe folk dat allyksa op drift rekke wie foar de Hunnen, mar dat wol troch de Romeinen talitten wie. De Ostrogoaten lutsen har likernôch neat fan it ferbod oan en stieken de [[Donau]]-grins oer, dêrby ûnderfûnen sy amper tsjinstân en sleaten har oan by de Fisigoaten. Yn [[378]] fersloegen Fisigoaten en Ostrogoaten tegearre it Romeinske leger fan keizer [[Falens]] by [[Slach by Adrianopel|Adrianopel]]. Yn de fredespetearen dy't letter hâlden waarden krigen Alateus en Safraks lân tawiisd yn [[Pannoanje]] as festigingsgebiet.
 
In oare groep Ostrogoaten ûnder lieding fan [[Odotius]] waard yn [[386]] talitten yn it Romeinske Ryk. Ek dat kontakt ferrûn net freedsum. Yn [[Traasje]] waard Odotius fermoarde en syn folk twongen him yn [[Anatoalje]] (Turkije) te festigjen. Yn [[399]] kaam dy Ostrogoatyske stam yn opstân en waard dêrby laat troch [[Fribigild]]. Dy opstân soe delslein wurde troch de Romeinen.