Romeinske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Gjin feroaring yn grutte ,  7 jier lyn
omstav.
No edit summary
(omstav.)
Yn de earste iuwen waarden der al folken opnommen yn it ryk mei de status fan [[foederaty]]. Fan de [[4e iuw]] ôf barde dat hieltyd faker. Benammen in protte Germaanske folken krigen tastimming harren te festigjen yn it Romeinske ryk. As [[foederaty]] krigen sy beskerming yn ruil foar militêre tsjinstferliening. Sy leveren helptroepen foar de legioenen en koenen opgong meitsje yn it leger. In protte bekende Germaanske oanfierders dy’t letter yn opstân kamen tsjin Rome, lykas [[Arminius]], [[Julius Civilis]] en [[Alarik I|Alarik]] – begûn harren karriêre yn it Romeinske leger. De foederaty wienen ek net altyd betrouber, benammen de opstân fan de Fisigoaten yn [[395]] soarge foar yn protte oerlêst yn it ryk.
 
Troch opstannen en reboeljerebûlje yn de [[5e iuw]] sette de Romeinske hearskippij harren fierder del en waarden de foederaty yn it westlik ryk hieltyd ûnôfhinkliker. Sy kamen wol gauris yn opstân en likernôch [[455]] ûntstie der yn sitewaasje dat it sintraal gesach gjin belestingsinten mear binnen krige. De lokale Romeinske autoriteiten waarden oan de kant skood en foederaty as de Fisigoaten en de Boergonden namen de leie sels yn hannen, hja stiften eigen keninkriken.
 
Yn it leger wie in parallelle ûntwikkeling geande. Sûnt de twadde helte fan de 5e iuw waard de militêre krêft fan it leger sawat alhiel basearre op foederaty ienheden. Yn [[451]] koe [[Attila]] de [[Hunnen|Hun]] allinnich ferslein wurde mei help fan de foederaty (Fisigoaten, Boergonden, Franken en Alanen). Op it lêst wie ien fan dizze foederaty, de Germaanske stam fan de [[Herulen]], ferantwurdlik foar de ein fan it West-Romeinske Ryk. Harren lêste keizer [[Romulus Augustulus]] waard yn [[476]] ôfset troch de oerbefelhawwer fan it leger, de Germaan [[Odoaker]].
17.653

bewurkings