Russyske Revolúsje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 3:
 
== Febrewarisrevolúsje ==
Op [[17 febrewaris]] [[1917]] bruts yn [[Petrogard]] reboeljerebûlje út dêr't in gebrek oan bôle de oanlieding fan wie. It ûnderdrukken hjirfan mislearre troch oproer fan de soldaten. De [[doema]] stelde in foarlopich útfierend komitee yn, wylst de arbeiders en soldaten sels eigen rieden (sowjets) foarmen. De legerlieding keas de side fan de doema, wêrtroch de tsaar twongen waard ôfstân te dwaan fan de troan. Yn de foarearste regearing ûnder lieding fan foarst [[Lvov]] siet mar ien sosjalist: [[Kerenski]]. De sosjalisten dy't yn twa kampen ferdield wienen hiene lykwols in folle gruttere ynfloed op de massa as de Liberalen. Oeral yn it lân rjochten sy sowjets op, dy't wer provinsjale en lanlike kongressen keazen.
 
[[Ofbyld:Lenin 05d.jpg|thumb|110px|left|''Lenin'']]
It earste al-Russyske riedenkongres keas yn juny in sintraal útfierend komitee, dat tsjinoer de (swakke) foarlopige regearing optrede as fertsjintwurdiger fan alle sowjets. It progamma fan de foarriedige regearing hâlde yn: in Liberale steatsfoarm, foartsetten fan de [[Earste Wrâldkriich|Kriich]], gjin opheffing fan it grutgrûnbesit en wie foar de grutte massa net oantreklik. Yn april waard dúdlik dat dizze earste regearing him net hanthavenje kinne soe sûnder de stipe fan de sosjalisten. Op [[5 maaie]] waard in koalysjeregearing foarme, dêr't de sosjalisten Kerenski en [[Tsereti]] yn de ynfloedrykste ministers wienen en dy't beiden de kriich trochsette woenen. Harren evenredige polityk waard fel bestride troch de [[bolsjewiken]] ûnder [[Lenin]]. Dizze propagearre: alle macht oan de sowjets, frede sûnder anneksaasje, brea en lân.
 
Doe't it troch Kerenski tarieden offinsyf yn [[Galisje]] mislearre, late it neis hjiroer yn Petrogard ta reboeljerebûlje, mar it sintrale útfierend komitee wegere omgean te lizzen foar de druk fan de bolsjewiken, dy't de lieding fan de spontane oproer hienen. De beweging einige, de bolsjewistyske partij waard ferbean en Lenin flechte nei it bûtenlân.
Yn july waard in nij koalysjereagering foarme ûnder lieding fan Karinksi dy't fêsthâlde oan it eardere programma. Liberalen en konservativen fêstigen har hoop op generaal [[Kornilov]] dy't op [[27 augustus]] in mislearre steatsgreep útfierde. De bolsjewisten profitearren fan de nederlaach en Kerenski ferlear syn grip oer it lân doe't boeren de grutte boerepleatsen besetten wylst fabryksarbeiders harren yn grutte tallen oansletten by de bolsjewisten dy't yn de sowjets fan Petrogard en Moskou de mearderheid krigen.