Skiednis fan Snits: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
L (GR) File renamed: File:Execercitiegenootschap-sneek.jpg → File:Exercitiegenootschap Sneek by Hermanus van der Velde.jpg File renaming criterion #3: To correct obvious errors in file names, including... |
omstav. |
||
Rigel 31:
Om [[1530]] waard begûn mei de bou fan [[stedswâl]]en, mar dy hawwe militêr net folle betsjutting hân. Se wiene ornearre om Snits te beskermjen, mar ta in belis is it neitiid nea wer kommen. De wenten yn 'e sêd waarden yn dyseldichste tiid fergnisse mei tige sierlike ynterieurs en [[gevel|pronkgevels]]. Ek waard oan 'e Merkstrjitte it eptige [[Stedhûs fan Snits|stedhûs]] boud. Meidat nije stedsdielen binnen de wâlen lein waarden, krige Snits yn dy tiid syn karakteristike hertfoarmige binnenstêd.
Nei in heale iuw fan rêst briek healwei de 1570-er jierren yn Fryslân nije
De hannel yn Snits gie it lykwols ek yn dizze ûnlijige tiden foar de wyn. Benammen de [[bûter]]hannel groeide; de bûtermerk yn Snits wie yn dy dagen de grutste fan 'e Nederlannen. De merk sels waard lettere yn [[1917]] sletten, wêrnei't de hannel plakfûn fanút de bûterfabriken fan 'e stêd. De bûter- en [[suvel]]yndustry fan Snits wie rjochte op 'e omlizzende krite. Oare foarbylden fan 'e regionale funksje fan 'e stêd wiene alle [[touslaggerij]]en (wêrûnder [[Lankhorst (bedriuw)|Lankhorst]]) [[Lankhorst (bedriuw)|drukkerijen]], fervefabriken, (bou-)masinefabriken en de [[skipsbou]]. Ek wiene der sûnt de fyftjinde iuw in protte (likernôch 200) [[Sulversmid|sulversmidderijen]] yn 'e stêd, dy't harren negoasje slieten oan 'e adel, grutboeren en begoedige boargers.
|