Soekarno: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Skiednis: kt oars
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 9:
Under syn regear wienen der spannings tusken [[kommunisme|kommunisten]] en [[moslim]]s. Om de oanhâldende binnenlânske swierrichheden better ûnder kontrôle te krijen, wende er him hieltyd mear ta it leger. Fierders fierde Soekarno in sterke nasjonalistyske polityk om alle ferskate folken fan Yndoneezje oan 'e leie te hâlden. Fan [[1959]] ôf kaam Yndoneezje yn diktatoriaal farwetter en lit er him yn [[1963]] ta presidint foar it libben beneamen. Mei buorlân [[Maleizje]], dat er derfan beskuldige de islamityske krêften yn syn lân te ûnderstipen, kaam it sawat ta in kriich.
 
Yn [[1965]] ferlit Yndoneezje de Feriene Naasjes en datselde jier komt it ta grutte reboeljesrebûljes dêr't hûnderttûzenen minsken by om it libben komme. De kommunisten ferlieze de slach en Soekarno syn posysje komt yn gefaar. Yn 'e maaitiid fan [[1966]] wurdt er twongen om de macht oer te dragen oan generaal [[Soeharto]] en yn [[1967]] rekke er syn foegens as presidint kwyt. Troch it nij regear wurdt er ûnder húsarrest set, dat oant syn dea yn [[1970]] yn stân hâlden wurdt.
 
[[Kategory:Yndonezysk politikus]]