Staking: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 59 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q49776
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
 
Rigel 9:
* de ''agraryske sektor'' hat bot lêst fan goedkeap Amerikaanske en Russysk nôt. De lânboukrisis is hjir in ûnderdiel fan.
Grutte earmoede op it plattelân is it gefolch. In soad [[emigraasje|emigrearje]] nei [[Amearika]]. De efterbliuwers besykje lotsferbettering te krijen. Stakings binne it gefolch. Yn twa streken is rûnom beroering:
* Yn de ''feangebieten'' is nei [[1880]] allegeduerigen reboeljerebûlje. Militêren besykje, faak omdôchs de oarder te hanthavenjen. Wenten fan feanbazen (twongen winkelnearing) en earmfâden wurde fernield. It opkommende [[Sosjaal Demokratysk Bûn]] hie hjir faak de hân yn. It regelt hongeroptochten en de appèls (sjoch [[bollejeie]]). Syn blêd 'Recht voor Allen' stiet efter elke staking. Earst as it tij keart om 1900 hinne, saksearret alles wat.
* Yn [[It Bilt]] mei syn grutte tsjinstellings tusken earm en ryk, waard yn 1890 algemien staakt, en mei wat súksessen. Lieding joech [[Broedertrouw]]. Ek in jier dêrnei binne der stakings, mar dizze kear sûnder resultaat. De boeren joegen doe net ta, mar lieten leaver de rispinge ferrotsje. De stakingskas rekke doe rillegau leech en de stakers moasten tajaan. Broedertrou krige hjirby de skuld en ferlear har ynfloed. Ek letter is der staakt mar net mear algemien en sûnder de eftergrûn fan de ferskuorrende earmoede.