Syrus de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 37:
 
== Regear ==
Hoewol't syn heit Kambyses I pas yn 551 f.Kr. kaam te ferstjerren, waard Syrus de Grutte, sa't dat ûnder de Perzyske keningen wenst wie, al yn 559 f.Kr., by it libben fan syn heit meiregearjend kening. Mar noch hy, noch syn heit wiene ûnôfhinklike hearskers: hja wiene fazallen fan 'e [[Medyske Ryk|Medyske]] kening [[Astyages]]. Yn 'e simmer fan 553 f.Kr., lykwols, kamen de [[Perzen]], ûnder lieding fan Syrus, yn opstân tsjin 'e Medyske hearskippij. Dat it dêrby net gie om in nasjonale reboeljerebûlje, mar om in politikenien, docht bliken út it feit dat se dêrby stipe waarden troch in diel fan 'e [[Meden]] sels, oanfierd troch de legeroerste [[Harpagus]]. Yn 550 f.Kr. foel Astyages yn harren hannen, en yn 549 f.Kr. namen Syrus en Harpagus [[Ekbatana]], de Medyske haadstêd, yn. Dêrop naam Syrus de titel "kening fan Meedje" oan, al liet er fan 546 f.Kr. ôf de titel "kening fan Perzje" foargean.
 
[[Ofbyld:Persia-Cyrus2-World3.png|thumb|left|350px|It [[Achémenidyske Ryk]] fan Syrus de Grutte werjûn oer de hjoeddeiske lânsgrinzen hinne.]]