William Barret Travis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 36:
[[File:Alamo TX.jpg|left|thumb|250px|De [[Alamo]].]]
 
ReboeljeRebûlje yn súdliker dielen fan Meksiko setten presidint [[Antonio López de Santa Anna]] der om dyselde tiid hinne ta oan om hurd fanwegen te kommen tsjin eltse foarm fan opstannigens. De [[steat fan belis]] waard yn it hiele lân útroppen, en de [[deastraf]] waard beoardere foar in elk dy't him iepentlik tsjin it Meksikaanske regear kearde. Yn Teksas, mei syn grutte befolkingsgroep fan Amerikaansk komôf, wie soks krekt oalje op it fjoer. De Amerikanen yn Teksas, dy't kwa [[leauwe]], [[taal]] en [[kultuer]] frijwol neat gemien hiene mei Meksiko, mar nammenste mear mei de Feriene Steaten, wiene it Meksikaanske regear stadichoan as in útlânske oerhearsking begûn te beskôgjen. De Teksaanske Meksikanen, de saneamde ''[[Tejanos]]'', dy't yn Meksiko eins neat yn 'e molke te krommeljen hiene om't se yn Teksas alhiel oan it fuottenein sieten, stiene yn dizze saak oer it algemien oan 'e kant fan 'e Amerikanen.
 
Dat doe't Santa Anna besocht om hurdhannich in ein oan it trelit te meitsjen, ferienen de Teksanen har yn wapene milysjes, dy't de arsenalen yn 'e steat yn beslach namen. De [[Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch]] briek yn [[oktober]] [[1835]] út doe't de Teksaanske milysjes yn 'e [[Slach by Gonzales]] koarte metten makken mei in lytse ôfdieling Meksikaanske troepen. Net lang dêrnei foel San Antonio yn Teksaanske hannen, wêrby't it Meksikaanske garnizoen ferdreaun waard út 'e fersterke missypost dy't bekendstie as de [[Alamo]].