Stellingwerven: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 172:
 
=== Aldjiersferienings ===
De Stellingwerven foarmje it hert fan de tradysje fan âldjiersstunts. Mei [[De Geitefok]] fan Aldeberkeap en [[Vesuviusklup]] fan Elsloo komme inkele fan de âldste en meast ferneamde [[âldjiersferiening]]s út de Stellingwerven. Njonken Berkeap en Elsloo hawwe ûnder oaren ek [[Easterstreek]] ([[D'Olde Togers]]), [[Boyl]] (de [[Aldjiersploech (Boyl)|Aldjiersploech]]), [[Makkingea]] ([[Makkingeaster Aldjiersploech]]), [[Donkerbroek]] ([[De Nachtdravers]]) en [[De Fochtel]] ([[De Korhoenders]]) in âldjiersferiening. Dizze ferienings spylje in wichtige rol yn de mienskip fan de lytsere doarpen yn de Stellingwerven, benammen om âld en nij hinne binne de ferienings warber. De âldjiersploegen hawwe faaksfaak ta doel it nije jier feestlik yn te lûden. Dat bard mei ludike stunts, it fuortjaan fan kado's oan de pleatslike ferienings en it stypjen fan minsken dy't help nedich hawwe.
 
Net alle âldjiersferienings 'tôgje' (it fuortheljen fan guod) en it binne benammen De Geitefok en de Vesuviusklup dy't út en troch it nijs helle hawwe mei harren stunts. Inkele fan de stunts dy't it measte omtinken yn it lân krigen hawwe binne it fuortheljen fan (tusken skrapkes de namme fan de feriening en it jiertal dat de stunt presintearre waard):